AmelandEén ûndersiket koälysje mei Algemeen Belang Ameland

14 feb 2020 - 11:07

Ameland Eén sil yn de koälysje nei alle gedachten fierder mei Algemeen Belang Ameland. Dat is de konklúzje fan de ferkennende petearen dy't âld-gemeentesekretaris Jan Wibier de ôfrûne twa wiken holden hat.

Mooglike koälysje tusken AmelandEén en Algemeen Belang Ameland - Foto: Omrop Fryslân

Ut de peatearen docht bliken dat de mearderheid fan de partijen fynt dat AmelandEén en Algemeen Belang Ameland de basis lizze moatte foar in nije koälysje. Dêrom sil AmelandEén as grutste partij yn petear mei Algemeen Belang Ameland om te sjen oft dat kâns fan slagjen hat.

Der is in nije koälysje nedich om't yn jannewaris de koälysje fan AmelandEén mei de PvdA de mearderheid ferlear om't it PvdA-riedslid fuortgie en ein jannewaris beide wethâlders opstapten.

(advertinsje)
(advertinsje)