Warkum krijt nije, fêste tentoanstelling oer de oarloch yn it stedhûs

Yn it stedhûs oan de Merk yn Warkum komt in nije, fêste tentoanstelling oer de Twadde Wrâldoarloch. Museum Warkums Erfskip wol mei de útstalling 'Oorlog en Verzet in Workum en omgeving' in bydrage leverje oan it yn libben hâlden fan de oantinkens oan de besettingstiid. De iepening moat op 16 april wêze, as it 75 jier lyn is dat Warkum befrijd is.
It âlde stedhûs yn Warkum © Google Street View
It âlde, monumintale stedhûs wurdt mei it projekt 'As it tsjuster is...' tagonklik makke foar it grutte publyk. De hal, boargemasterskeamer, riedseal en yntroduksjeromte wurde dêrfoar brûkt, en op de twadde ferdjipping komt in spesjale oarlochssouder.
Om de frijwilligers op de nije lokaasje te regeljen, wurdt der gearwurke mei 'IederZijnWerk.' By dizze organisaasje hearre minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk.