Hurdlearske Dokkumer twa kear oanholden mei alkohol op en sûnder rydbewiis

14 feb 2020 - 10:02

In 30-jierrige Dokkumer is tongersdei oanholden troch de plysje fan Noardeast-Fryslân. De bestjoerder hie mear as fiif kear safolle alhohol op as dat de persoan as begjinnend bestjoerder hawwe mocht. De Dokkumer hie it rydbewiis lykwols al earder ynlevere om't de persoan te hurd riden hie.

In alkoholkontrôle - Foto: ANP

Earder dy moarn waard deselde Dokkumer lykwols op 'e nij efter it stjoer oantroffen, mei noch hieltyd tefolle alkohol op.

By de earste oanhâlding is de persoan foar de rjochter dage, oanmeld foar in kursus 'alkohol en ferkear' en hat de persoan in rydferbod foar seis oeren krigen. By de twadde oanhâlding troch de plysje hat de persoan ek in proses-ferbaal krigen foar it riden ûnder in rydferbod.

(advertinsje)
(advertinsje)