Oernamekandidaat foar soarchynstelling Noflik Wenje

Der is in kandidaat fûn dy't mooglik it soarchsintrum Noflik Wenje yn Oentsjerk oernimme wol. Dat blykt út petearen tusken soarchgroep Patyna en de bewennersfertsjintwurdiging. De kandidaat hat himsels oanmeld en der wurde op dit stuit petearen fierd oer in mooglike oername.
© Omrop Fryslân
Noflik Wenje yn Oentsjerk is in wenfoarm foar minsken dy't demint binne. Yn desimber 2019 makke Patyna bekend dat Noflik Wenje op 1 jannewaris takom jier slute sil. Patyna stelde dat it iepen hâlden fan de lokaasje net mear mooglik is, om't dy te lyts wêze soe om út te kinnen.
Mei in petysje besochten fertsjintwurdigers fan de bewenners it wensoarchsintrum iepen te hâlden. Dêrmei waarden de gemeente, de soarchynstelling en de soarchfersekerder oproppen om mei te helpen de lytsskalige soarch yn de Trynwâlden te behâlden.
Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens sil him bûge oer de sluting. Dat docht er nei oanlieding fan fragen fan Twadde Keamerlid Maarten Hijink fan de SP, dy't it net akseptabel fynt dat sokke foarsjenningen sletten wurde.