Kollum: "Kommersjele flauwekul"

14 feb 2020 - 08:28

"Hjoed is it Valentijnsdei! Dé dei om dyn leafste of dyn geheime leafde oandacht te jaan, benammen yn 'e foarm fan blommen, kaarten of fretterij. De kommersje docht al jierren har stjonkende bêst om ús safolle mooglik jild út de bûsen te klopjen en ús tinke te litten dat dit in bysûndere dei is, mar wêrom eins?

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Earlik sein ha ik my hjir noait echt serieus mei dwaande holden en ik ha ek nea wat krigen. Jimme hoege gjin begrutsjen mei my te hawwen, hear, want ik krij gauris in bosk blommen fan myn leafste, mar hy fynt Valentijnsdei kommersjele flauwekul. Eins fyn ik dat sels ek, mar tagelyk fyn ik dy sûkelaadsjes yn 'e foarm fan reade herten wol hiel oantreklik.

Spesjaal foar dizze kollum ha ik my yn it fenomeen Valentijnsdei ferdjippe en de útkomst is dat nimmen presys wit wêr't de tradysje weikomt. Der is in ferhaal oer in paus dy't 14 febrewaris útroppen hat ta de dei fan de hillige Valentijn mar om hokker Valentijn it giet, is net wis. It soe gean kinne oer in Romeinske pryster dy't rûn it jier 270 nei Kristus as in martelder stoarn is, mar it kin ek in biskop út Umbrië wêze.

Sûnt de 18e iuw wurdt der ek wol sein dat it Fatikaan de feestdei fan de hillige Valentijn ynfierd hat as in ferantwurdlike fersy fan it populêre Romeinske fruchtberheidsfeest 'Lupercalia', dat der behoarlik útnaaie koe. Der bestiet wol in brief dêr't yn stiet dat de paus dit feest ferbean hat, mar der stiet neat yn oer in Valentijnsdei.

Krekt yn de lette midsiuwen waard dizze tsjerkske feestdei in feest fan de leafde mei ferskate folkloristyske gebrûken. De âldste ferwizing nei in romantysk Sint-Valentijnsfeest komt út Ingelân en datearret út 1380. Der is sels noch in Valentijnskaart út dy tiid bewarre bleaun en dy is te sjen yn it nasjonale museum.

Yn ús lân waard Valentijnsdei sûnt de jierren 90 hieltyd populêrder, foar dy tiid besocht benammen de middenstân it feest te promoatsjen. Blommisten krigen yn 'e gaten dat der rûn 14 febrewaris goede saken mei it bûtenlân dien waarden en woene dat ek yn ús lân besykje. Sa krigen yn 1951 bygelyks alle ynwenners fan Ljouwert in briefke dêr't op stie dat Sint-Valentijn in muonts wie dy't blommen fuort joech om immen te treasten of om pearkes gelokkich te meitsjen en dat dizze died neifolging fertsjinne.

De Leeuwarder Courant frege de blommisten letter oft de aksje slagge wie mar de Friezen wiene te nochter en rûnen net sa gau waarm. Doe't ik dat lies waard ik al wat kribelich want soks betsjut echt net dat wy te nochter foar de leafde binne of dêr net waarm foar rinne. Ik werken wol in stik deryn dat wy miskien te nochter foar flaaierij wiene en by in anonym boskje blommen al gau tochten: 'Wat wol dy idioat? Lit him dochs it hinne en wer krije!'

Tagelyk kin ik it my yntinke dat in man tocht: 'Wat is dit foar jildfergriemerij? Ik keapje der leaver in pear potten bier foar!' Dochs binne wy troch de jierren hinne reedlik mei de tiid meigongen en sille der hjoed grif in soad blommen ferkocht wurde, mar ik ferwachtsje dus sels net in bosk. En dat is prima want wat hat it úteinlik no echt om 'e hakken? Keapest blommen omdat it fan dy ferwachte wurdt en ferwachtest eat omdat it sa heart?

De leafde is yndied in feestje mar net in kommersjeel festival! Fier it gewoan sa't dyn gefoel dy ynjout en fier it foaral alle dagen! Ik tink dat soks it moaiste kado is dat er bestiet!"

(advertinsje)
(advertinsje)