Skeafergoeding foar neibesteanden militêr Aldert Poortema

14 feb 2020 - 07:44

Definsje betellet in skeafergoeding oan de neibesteanden fan de 22-jierrige militêr Aldert Poortema fan Drylts. Hy kaam yn 2008, tegearre mei de 20-jierrige Wesley Schol, yn Afganistan om it libben troch eigen fjoer. De famyljes binne tongersdei troch minister Bijleveld op de hichte brocht fan de regeling.

Foto: Omrop Fryslân

Poortema en Schol kamen yn jannewaris 2008 om it libben yn de Afgaanske provinsje Uruzgan. It waar wie doe min en troch it ûntbrekken fan moanneljocht soene de nachtkikers fan de militêren net wurkje. Doe't de militêren harren posysjes ynnimme moasten, wie it net dúdlik wa't wêr siet. Sa koe it barre dat kollega's oansjoen waarden foar de fijân.

Searje flaters

Ut ûndersyk die bliken dat Poortema en Schol omkamen troch in searje flaters dy't te foarkommen west hiene. De neibesteanden stelden om dy reden Definsje oanspraaklik. Dy oanspraaklikens hat minister Bijleveld koartlyn erkend yn in besite oan de neibesteanden, seit advokaat Diekstra. Oan dat besite hat de famylje in goed gefoel oerhâlden. "We koenen ús ferhaal goed kwyt yn ús eigen fertroude omjouwing", seit Marian Poortema.

Brief

"Wat allinnich hiel soer is, is de brief dy't we dizze wike krigen ha." Nei Bijleveld har besite hat Definsje syn oanspraaklikens befêstige yn in brief oan de neibesteanden. Yn dat skriuwen stiet dat der in fergoeding komt, mar ek dat Definsje de begraffeniskosten ek al betelle hat. Yn de brief is ek in foarstel dien oer de hichte fan de skeafergoeding. Dêr wurdt noch oer praten.

Mingde gefoelens

Foar de famylje Poortema jout de regeling mingde gefoelens. Oan de iene kant binne se bliid dat Definsje erkent dat se oanspraaklik binne. Har soan krije se der allinnich net mei werom.

De âlden fan Poortema spanden earder in proseduere oan om ûnder oaren de ferantwurdlike kommandant te ferfolgjen foar flaters. It gerjochtshôf yn Arnhem wiisde dy eask yn 2010 ôf.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma

(advertinsje)
(advertinsje)