Karter Nyck de Vries wrâldkampioen

14 nov 2011 - 11:33

Nyck de Vries is snein wrâldkampioen wurden yn de heechste kartklasse KF1. De 16-jierrige Snitser stelde syn titel feilich yn it Japanske Suzuka troch in twadde plak yn de tredde race.

De lêste race fan it wykein wûn De Vries ek noch. Mar dat wie net mear nedich foar de titel. It is de tredde kear op rige dat Nyck de wrâldtitel pakt. Ferline jier die er dat in trepke leger yn de KF2 klasse, dêrfoar yn de KF3 klasse. Takom jier stapt Nyck, dy't in kontrakt hat by it grutte McLarenteam, oer nei de grutte raceauto's.

Trefwurden: 
karten Nyck de Vries
(advertinsje)