Wetterskipslêsten it hurdst omheech yn Fryslân

14 feb 2020 - 07:02

De wetterskipslêsten geane yn Fryslân yn 2020 mei 13 persint omheech. Friezen betelje dêrmei, nei Limboarch, de heechste wetterskipslêsten fan Nederlân. Fia de heffingen wurdt ûnder oare de beskerming tsjin heech wetter en wetteroerlêst bekostige.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

By Wetterskip Fryslân giet yn 2020 benammen de ferwachte opbringst fan de wettersysteemheffing omheech, mei 13 persint. Lanlik giet dy lykwols mei 5,2 persint (1,6 miljard euro) omheech. De opbringst fan de suveringsheffing, foar it suverjen fan ôffalwetter, nimt lanlik ta mei 4 persint oant 1,4 miljard euro.

Ynvestearje yn wettersystemen

It Fryske wetterskip sil de kommende jierren ynvestearje yn de wettersystemen om taret te wêzen op ûnder oare wiete perioades en drûchte. Wetterskip Fryslân beheart ek 200 kilometer oan seedyk. Dêrneist kinne oanskerpe of fernijde wetjouwing ek liede ta ekstra kosten en/of ynvestearrings.

Yn Limboarch, dêr't de lêsten it hurdst omheech gean (16 persint), moat it wetterskip ekstra maatregels nimme fanwege de hege wetterstân yn de Maas.

De grutste stiging fan de wetterskipslêsten yn tsien jier - Foto: Centraal Bureau voor de Statistiek

De 21 Nederlânske wetterskippen ferwachtsje yn 2020 goed 3 miljard euro op te heljen, goed 4,5 persint mear as in jier lyn. Dat is de grutste stiging yn tsien jier, konstatearret it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) op basis fan begruttingssifers fan de wetterskippen.

Húshâldens yn it gebiet fan it wetterskip drage foar mear as trijekwart by oan de heffingsopbringsten fan 2020. Yn Fryslân betelje húshâldens sa'n 440 euro oan wetterskipsbelesting. It oare kwart komt foar de rekken fan boeren en bedriuwen. Dy moatte yn Fryslân goed 3.800 euro ôfdrage.

(advertinsje)
(advertinsje)