De Jong en Kok nei wrâldtitel: "Dit jout in soad fertrouwen foar de kommende dagen!"

14 feb 2020 - 06:33

De Fryske sprintsters Letitia de Jong en Femke Kok hawwe, tegearre mei Jutta Leerdam, in gouden medalje behelle op de teamsprint by it WK ôfstannen. Se rieden nei 1.24,02 en dat wie goed foar in nij wrâldrekôr en de titel. "We rieden gewoan in wrâldrekôr, dat is fantastysk!", seit De Jong. "Dat jout ek in soad fertrouwen foar de kommende dagen. Dus dêr sjoch ik wol nei út."

Jutta Leerdam, Femke Kok en Letitia de Jong - Foto: ANP

Foar Femke Kok leit dat krekt wat oars. Se is pas 19 jier en docht foar it earst mei oan in senioarewrâldkampioenskip. Se pakte op har debút fuortendaliks goud. "In moaier debút kin hast net", seit se dêroer. "Ik bin der super bliid mei, dus dat jout wol in lekker gefoel om it wykein mei te begjinnen. Dus ik hoopje dat it moarn ek hiel goed giet en dat ik in goede rit ryd."

Heechlânbaan

It is de earste kear dat Kok yn Amearika reedrydt, mar dêr giet alles dochs krekt wat oars. Se ride dêr op in heechlânbaan, op 1.400 meter boppe seenivo. En dat betsjut dat der folle rapper riden wurdt. "It wie wol hiel bot wennen, want it iisgefoel is hiel oars en omdatst op hichte sitst, bist de earste dagen hiel gau bûten azem en fersuorre", leit Kok út. "Mar it giet no wol hiel goed, dus ik ha it no wol hiel bot nei myn sin hjir."

Fjouwer lannen

De wie wat krityk omdat der by de froulju mar fjouwer lannen meidiene oan de teamsprint. "Miskien is it foar de takomst goed om dochs noch efkes nei it format te sjen. Dus miskien dat de planning fan 'e teamsprint net hiel geunstich is en dat dêrom lannen ôfheakje", seit De Jong. "Of miskien is it in opsje om de teamsprint mei twa froulju yn te fieren, want dan kinst in wat breder dielnimmersfjild lûke."

Wrâldkampioenen Letitia de Jong en Femke Kok

It WK ôfstannen giet freedtejûn fierder. Dan komme Letitia de Jong en Femke Kok opnij yn aksje, dan op de 500 meter. Ek is der de ploege-efterfolging mei Antoinette de Jong en Ireen Wüst. By de manlju komt Jorrit Bergsma yn aksje op de 10.000 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)