Kânsen genôch, mar Hearrenfean is útskeakele: "Deze komt hard aan"

14 feb 2020 - 00:31

Sportklup Hearrenfean hat himsels tsjin Feyenoord opnij fergetten te beleanjen, fynt trainer Johnny Jansen. De Friezen krigen genôch kânsen, mar ferlearen mei 1-0 en lizze dêrom út it bekertoernoai. "Deze komt hard aan. Ik had echt het gevoel dat er meer te halen was."

Johnny Jansen:

"We begonnen niet goed", joech Jansen ta. "Maar na twintig minuten kregen we steeds meer grip op de wedstrijd. Dat hadden we ook de rest van de wedstrijd." Mar de lykmakker foel net. "Een teen van de keeper zat er net tussen, een bal tegen de lat, een vrije kopkans die niet binnengaat", sommet Jansen op. "Maar je moet het ook gewoon afdwingen."

Espejord: it skeelt in pear sintimeter

Runar Espejord wie it tichtst by de lykmakker. De Noarske spits kaam in kertier foar tiid yn it fjild foar Jens Odgaard en rekke twa minuten letter de latte. "Ik hie eins yn al myn wedstriden hjir al skoare moatten", sei Espejord. "It skeelt hieltyd mar in pear sintimeter. Dat is hiel teloarstellend."

Hy is wol posityf oer de takomst: "It is gelokkich hiel maklik om der wat oan te dwaan: alle dagen skoare op de training. Dan komt it fansels. It giet derom dat ik wer yn foarm reitsje, wedstriidritme krij. Ik moat it goede gefoel fan it skoaren ha. Dat is der no noch net en dat is hiel frustrearjend."

De Noar kaam in pear wiken lyn oer fan Tromsø en is noch net topfit. "En dat duorret ek noch wol even. Mar as it ienkear sa fier is, dan komme de goals fansels. As ik skoar, dan bin ik der wis fan dat der noch folle mear komme."

Als je ze niet maakt, dan wordt het lastig om te winnen.

Sven Botman

"Ze gaan er momenteel moeilijk in", wie de konklúzje fan ferdigener Sven Botman. "We hebben een stuk of vijf goede kansen gecreëerd. Maar als je ze niet maakt, dan wordt het lastig om te winnen."

"Ik weet niet wat er in de hoofden van onze aanvallers omgaat, maar ik hoop dat het niet in hun kop gaat zitten. Op een gegeven moment word je er als team een beetje moedeloos van."

Mar ek Botman wol posityf bliuwe: "Als het kwartje onze kant weer eens opvalt, dan heb ik er vertrouwen in dat het weer goedkomt. Over het algemeen vind ik ons beter dan de tegenstander."

(advertinsje)
(advertinsje)