Letitia de Jong en Femke Kok pakke wrâldtitel op de teamsprint

13 feb 2020 - 23:35

De Nederlânske sprintsters hawwe in gouden medalje behelle op de teamsprint by it WK ôfstannen. Friezinnen Letitia de Jong en Femke Kok rieden mei Jutta Leerdam nei 1.24,02 en dat wie goed foar in nij wrâldrekôr en de titel. Ruslân, yn jannewaris by it Europeesk kampioenskip noch de rapste, waard twadde.

Jutta Leerdam, Femke Kok en Letitia de Jong - Foto: ANP

Kok mocht by har debút op it wrâldkampioenskip ôfstannen de earste ronde ride. Dêrnei swaaide se ôf en namen Leerdam en De Jong it oer. Nei't ek Leerdam nei in rûntsje ôfbûge, fersoarge De Jong it slotrûntsje. De Feanwâldster kaam oer de finish yn 1.24,02 en dat betsjutte net allinne de wrâldtitel, mar ek in nij wrâldrekôr. Ruslân kaam, nettsjinsteande in rappe start, yn de lêste rit nammentlik net mear oan de tiid fan de Nederlânske froulju: 1.24,49.

Ferline jier waard De Jong ek al wrâldkampioen op de teamsprint, doe mei Leerdam en mei Janine Smit.

Wrâldkampioenen Letitia de Jong en Femke Kok

Utslach teamsprint froulju

1. Nederlân 1.24,02
2. Ruslân 1.24,49
3. Poalen 1.25,37
4. Sina 1.26,81

Manlju

De Nederlânske teamsprinters binne lykas de froulju wrâldkampioen wurden. Dai Dai Ntab, Kai Verbij en Thomas Krol einigen yn 1.18,19 en dat wie yn earste ynstânsje genôch foar de twadde tiid, mar nûmer ien Kanada waard diskwalifisearre fanwege in ferkearde wiksel. Dêrtroch wint Nederlân goud. Sina waard twadde en Noarwegen tredde.

(advertinsje)
(advertinsje)