Sven Kramer pakt WK-sulver op 5000 meter, Jorrit Bergsma achtste

13 feb 2020 - 23:09

Sven Kramer is op de earste dei fan it wrâldkampioenskip ôfstannen twadde wurden op de 5000 meter. Yn Salt Lake City moast Kramer al yn rit trije yn aksje komme. Hy kaam ta 6.04,91, mar Kanadees Ted-Jan Bloemen dûkte dêr letter ûnder. "Skande, ik ha alles jûn", sei Kramer. "Ik kin mysels neat ferwite." Jorrit Bergsma einige as achtste.

Foto: Orange Pictures

Foarôf wie dúdlik dat Kramer yn syn rit neat hawwe soe oan tsjinstanner Livio Wenger út Switserlân. Hy moast it sels dwaan en ried kwa rûntsjes lang 28'ers. It brocht him ta 6.04,91 en dat is de fjirde tiid dy't Kramer oait riden hat. Bloemen makke it yn de achtste rit noch hiel spannend. Syn rondetiden rûnen oan de ein noch aardich hurd op, mar de Kanadeeske rider hie op de finish 0,54 sekonde oer op de tiid fan Kramer.

Patrick Roest wie foarôf de grutte favoryt, mar koe dat yn de ien nei lêste rit net wiermeitsje. Hy blaasde himsels oan de ein folslein op en seach ek noch dat syn tsjinstanner Graeme Fish him foarby gie. Krekt nei syn race waard boppedat dúdlik dat Roest diskwalifisearre waard.

Jorrit Bergsma op de 5 kilometer - Foto: ANP

Lang gjin poadium foar Bergsma

Bergsma kaam net yn de buert fan it poadium. Hy ried yn de fiifde rit tsjin Sverre Lunde Pedersen, mar beide manlju koene net tsjin de tiid fan Kramer op. Bergsma kaam ta 6.13,42 en Pedersen finishte yn 6.11,80. De rûntsjes rûnen by de Boarnster yn it slot te folle op, wêrtroch't er hast tsien sekonden talizze moast op de tiid fan Kramer.

Ik stean hjir mei in dûbeld gefoel.

Sven Kramer nei it sulver op de 5000 meter

Kramer nei 'goeie rit'

Kramer fielde him goed op de Utah Olympic Oval, mar baalt dochs. "Ik stean hjir mei in dûbeld gefoel. Ik ryd foar de winst en we dogge en litte der alles foar om te winnen, fansels. Ast dan einliks fan Patrick Roest winst en Ted-Jan Bloemen wint hjir, dan is dat gewoan soer. Ik tink wol dat ik in goeie rit riden haw, mar krekt wat te stadich."

Sven Kramer:

Utslach 5000 meter manlju

1. Ted-Jan Bloemen 6.04,37
2. Sven Kramer 6.04,91
3. Graeme Fish 6.06,32
4. Sverre Lunde Pedersen 6.11,80
5. Jordan Belchos 6.12,07
8. Jorrit Bergsma 6.13,42
Patrick Roest diskwalifisearre

3000 meter froulju

De froulju rieden de 3000 meter as earste ôfstân. Antoinette de Jong en Reina Anema pleatsten harren net en dus wiene der gjin Friezen aktyf. Martina Sáblíková wûn yn 3.54,25, Carlijn Achtereekte siet der in pear tsienden efter en einige as twadde. It tredde plak gie nei de Russyske Natalia Voronina. Esmee Visser einige as fiifde en Irene Schouten, rydster fan de ploech fan coach Jillert Anema, waard sânde.

(advertinsje)
(advertinsje)