Nije Cambuurstadion is op papier sa goed as klear

13 feb 2020 - 22:57

It nije Cambuurstadion op it WTC-terrein yn Ljouwert is sa goed as klear. Alteast op papier. Arsjitekt Ludo Widdershoven seit dat it ûntwerp foar 90 oant 95 prosint klear is. Hy fertelde der tongersdei op in jûn fan de stifting Attiek oer.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

In wichtige winsk fan de supporters om de hoeken fan de tribunes net oan elkoar fêst te bouwen is honorearre. Dan kinne je fan bûten it stadion dochs noch wat nei binnen sjen. Yn it programma fan easken is ek behoarlik ynsetten op tagong foar minsken mei in beheining. Dêrfoar komt in spesjale 'doelgroepetribune' op de súdkant fan it stadion. Sels minsken dy't net mear út bêd komme kinne, krije dêr in plakje.

Wachtsje op begjin bou

It wachtsjen is fansels noch op it begjin fan de bou. "We zitten nu met alle stakeholders nog een keer aan tafel om de laatste wensen voor gevels en reclame inzichtelijk te krijgen", seit Widdershoven. Wannear't de bou úteinset, koe hy net sizze. "Zo snel als mogelijk", sei de arsjitekt.

Arsjitekt Ludo Widdershoven

De iepenbiere romte om it stadion hinne wurdt sa lyts mooglik makke troch de ynset fan in soad grien. Dat moat it smûk meitsje. By dat ûntwerp spilet it dykje dêr't earder it spoar fan it Dokkumer lokaaltsje oerhinne gong ek in wichtige rol. "Dat dreigde ondergesneeuwd te raken", seit stêdeboukundige Jos van Langen fan de gemeente Ljouwert.

Beammen

Trochdat der in gasbuis yn it dykje leit, kin it ek net fuort. En dat gebeurt no ek net. Van Langen: "We hebben dat gebruikt om er een bomenstructuur in te verwerken. Er komt een voet- en fietspad van onder andere betonplaten. Daar komen grote bomen omheen en die zorgen voor een prettige omgeving."

Stêdeboukundige Jos van Langen

(advertinsje)
(advertinsje)