SC Hearrenfean leit út bekertoernoai nei thúsferlies tsjin Feyenoord

13 feb 2020 - 22:40

Sportklup Hearrenfean is útskeakele yn it KNVB-bekertoernoai. Yn it Abe Lenstrastadion wûn Feyenoord tongersdeitejûn yn de kwartfinale mei 1-0. Leroy Fer makke nei in kertier spyljen de iennige goal fan de wedstriid. Dêrnei krige de ploech fan Johnny Jansen noch genôch kânsen op de lykmakker, mar dy foel net.

Trainer Johnny Jansen:

De Rotterdammers setten de earste minuten direkt druk op de definsje fan Hearrenfean, sûnder dat dat kânsen opsmiet. De thúsploech wie sels de earste dy't it ris besocht. In skot fan Joey Veerman gie in pear meter oer de goal fan Justin Bijlow.

Dêrnei waard Feyenoord wol gefaarlik. Nicolai Jørgensen kaam dertroch op links, nei in stekpass fan Leroy Fer. Each yn each mei Filip Bednarek skeat de Feyenoord-spits op de fuotten fan de Hearrenfean-doelman. In minút as wat letter lei de bal dochs achter Bednarek yn de goal. Marcos Senesi lei in frije traap fan Jens Toornstra werom, wêrnei't Fer de 0-1 binnen kopte.

Leroy Fer makket de iennige goal fan de wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Luis Sinisterra wie dêrnei ek ticht by in treffer, mar Bednarek koe in gruttere efterstân foar de Friezen foarkomme.

Hearrenfean hieltyd sterker

Yn it lêste kertier fan de earste helte waard Hearrenfean hieltyd sterker. Jens Odgaard like op wei nei in skot, mar skiedsrjochter Higler hie doe al fluite foar in oertrêding fan Senesi. Krekt dêrnei kaam Chidera Ejuke nei binnen en de Nigeriaan besocht it mei in ôfstânsskot. Bijlow tikte de bal oer.

Sven Botman:

Hearrenfean fierde de druk op en krige mear kânsen. Sa wie Sven Botman by in corner meikaam nei foaren. Hy skeat de bal troch in scrimmage hinne, mar Bijlow koe mei de fuotten rêding bringe foar de thúsploech. Yn de blessueretiid fan de earste helte besocht Ibrahim Dresevic mei in 'swabberbal' fan ôfstân. Sa hie er earder dit seizoen yn de kompetysje skoard tsjin Feyenoord. Dizze kear gong de bal krekt oer.

Justin Bijlow rêdt op in skot fan Sven Botman - Foto: www.orange-pictures.nl

Iepen twadde helte

Nei it skoft wie it in hiel iepen wedstriid. Ejuke wie al gau gefaarlik by in counter. De fleugelspiler hie hiel wat romte op links en skeat úteinlik fia de fuotten fan Bijlow krekt njonken. Ek Odgaard wie ticht by in goal: syn foarset bedarre pardoes op de latte. En twa minuten letter besocht de spits it mei it boarst: krekt njonken.

Mar ek Feyenoord krige romte. Yn hast alle gefallen hie it sintrale duo de saken goed op oarder, mar nei goed in oere spyljen wie der dochs in grutte kâns foar Orkun Kökçü. Hy krige de bal fan Sinisterra en hie de 0-2 op de fuotten, mar Bednarêk rêde de thúsploech wer.

Espejord tsjin 'e latte

De grutste kâns foar Hearrenfean wie in kertier foar tiid. Runar Espejord stie noch mar krekt yn it fjild as ferfanger fan Odgaard doe't er in foarset fan Mitchell van Bergen krige. De Noar wurke de bal tsjin 'e latte.

Yn de slotfaze setten de Friezen noch wol oan, mar wie it spul meastentiids net sekuer genôch om ta echte kânsen te kommen. Steven Berghuis wie foar Feyenoord noch wol ticht by in twadde treffer, mar Bednarek foarkaam dat op 'e nij. Dochs gie de winst nei de Rotterdammers, dy't har dêrmei pleatse foar de heale finale fan it bekertoernoai.

Runar Espejord:

Spesjale shirts foar Carlo de Leeuw

De spilers fan Feyenoord kamen it fjild op mei spesjale shirts as oantinken oan Carlo de Leeuw. De âld-spiler fan Cambuur wie sûnt 2000 materiaalman by de Rotterdammers. Op it shirt stie de tekst 'Carlito, voor altijd in ons hart, amigo'.

SC Hearrenfean - Feyenoord 0-1 (0-1) 15. Leroy Fer 0-1

Opstelling SC Hearrenfean: Bednarek; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Faik, Kongolo, Veerman (67/Hajal); Van Bergen (80/Halilovic), Odgaard (73/Espejord), Ejuke

(advertinsje)
(advertinsje)