Proeftún meartaligens los, om minsken yn kontakt te bringen mei streektaal

13 feb 2020 - 21:58

In gearwurkingsprojekt fan ferskate noardlike en eastlike provinsjes moat de meartaligens fan de ynwenners befoarderje. We the North is in proeftún en it doel dêrfan is om minsken yn Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân yn kontakt te bringen mei de streektaal. Dat moat gebeure mei kulturele projekten.

Deputearre Hoogland skriuwt syn favorite Fryske wurd op: langstme - Foto: Provinsje Grinslân

By de earste gearkomste, tongersdei yn it provinsjehûs fan Grinslân, wiene ferskate kultuermakkers en ynstellingen dy't har dwaande hâlde mei taal. Foar Fryslân wie deputearre Douwe Hoogland derby. "Yn Fryslân binne we hiel aktyf mei it promoatsjen en yn stân hâlden fan ús taal", fertelde er. "We diele graach ús kunde en ûnderfining mei de oare provinsjes."

Goed twa ton beskikber

De fiif provinsjes en it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen stelle jild beskikber foar kulturele projekten dy't mei meartaligens te krijen ha. De proeftún meartaligens is bedoeld om kulturele produksjes op te setten dy't de provinsjegrinzen oer geane. Yn dy produksjes moat de streektaal in wichtige rol krije.

Foar de programmearring mei kulturele projekten is de kommende twa jier yn totaal 220.000 euro beskikber.

(advertinsje)
(advertinsje)