Gau dúdlikheid oer tastean lânbouferkear op beide rûnwegen by Bûtenpost

13 feb 2020 - 21:16

Der komt op koarte termyn dúdlikheid oer it tastean fan lânbouferkear op de súdeastlike rûnwei by Bûtenpost. Ein takom moanne wurde knopen trochhakt, hat de gemeente Achtkarspelen te hearren krigen fan de provinsje Fryslân.

By Lutkepost meie trekkers wol de westlike rûnwei ynride, mar net de rûnwei nei it easten ta - Foto: Atze van der Ploeg

Wat de folsleine ried yn Achtkarspelen oanbelanget giet de súdeastlike rûnwei iepen om sa trekkers út it doarp te hâlden. It pleatslik belang fan it doarp en lânbou-organisaasje LTO sitte wat de feilichheid yn de beboude kom oanbelanget op ien line.

Op de westlike rûnwei by Bûtenpost binne trekkers wol tastien. Om de trekkers út it doarp te krijen, is it saak om ek agrarysk ferkear ta te litten op de súdeastlike rûnwei, dy't yn 2011 iepene is, is de oprop oan de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)