Ynwenners Smellingerlân hawwe gjin WMO-yndikaasje meer nedich foar deibesteging

Minsken dy't gebrûk meitsje wolle fan de deibesteging yn soarchsintrum Rispinge yn Drachten kinne dêr tenei samar hinne. Se ha gjin WMO-yndikaasje mear nedich. De gemeente Smellingerlân en soarchorganisaasje ZuidOostZorg wolle dat safolle mooglik minsken dy't der ferlet fan hawwe, deibesteging krije kinne.
Gemeente Smellingerlân © Omrop Fryslân
Minsken hawwe al te folle drompels as se ferlet hawwe fan soarch en dêrom moat it makliker makke wurde, fine de gemeente en ZuidOostZorg. Earder moasten se dêr noch in yndikaasje foar ha.

Oerienkomst

Anke Huizenga, bestjoerder ZuidOostZorg, en wethâlder Piet de Ruiter fan gemeente Smellingerlân ûndertekenen tongersdei in oerienkomst. Fan no ôf oan hawwe ynwenners fan gemeente Smellingerlân gjin WMO-yndikaasje mear nedich om gebrûk te meitsjen fan Rispinge yn Drachten.
De deibesteging yn Rispinge is foar in brede doelgroep. Elkenien dy't ferlet hat fan in petear of nocht hat om wat te dwaan is wolkom. "Elkaar ontmoeten is echt de basis", seit Inez Overwijk, beliedsadviseur WMO by ZuidOostZorg. "Dagen worden voor veel mensen pas zinvol als die met anderen kunnen worden doorgebracht. Deze nieuwe manier van financieren maakt het mogelijk dat we dit aan veel meer mensen kunnen aanbieden."
By Rispinge wurde deis wikseljende aktiviteiten organisearre, dy ôfstimd wurde op wat de minsken graach wolle.