Tsjûgen socht fan stellen motor yn Ljouwert

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de stellerij fan in motor, sneintemiddei yn Ljouwert. Twa mannen diene harren foar as hiene se ynteresse yn de motor, dy't it slachtoffer te keap stean hie.
© Plysje
Doe't ien fan de mannen fuortgie foar in proefrit, krige it slachtoffer it idee dat der wat net hielendal goed wie. Hy hat it kenteken fan de auto fan de mannen oan de plysje trochjûn. Uteinlik is de auto op de N36 oantroffen. In 26-jierrige bestjoerder is dêrby oanhâlden. De byrider waard net fûn, mar syn identiteit is bekend.

Iepensteande boeten

Der waard ek in mes en in boksbûgel fûn yn it dashboardkastke. Dy binne yn beslach naam. Ek die bliken dat der in bûtengebrûkstelling iepen stie fanwege iepensteande boeten.
De motor is noch net weromfûn. De plysje siket tsjûgen dy't sjoen ha yn hokker rjochting de motor riden is.