De wrâld ûnder wetter sit fol ferhalen by it Fries Museum

13 feb 2020 - 18:43

It wetter heart by Fryslân. By it Fries Museum wolle se dêr ek net omhinne. No sneon iepenet yn it museum de nije tentoanstelling Other Worldly, oer it libben ûnder wetter.

Foto: Fries Museum

It Fries Museum hat de lêste jierren hiel wat grutte tentoanstellingen hân, sa as Alma Tadema, Mata Hari, Escher en op it stuit de Vikingen, dy't noch oant healwei maart rint. Neffens direkteur Kris Callens is der noch ynspiraasje genôch foar bysûndere en grutte tentoanstellingen dy't in link mei Fryslân hawwe. "De collectie van het museum is erg rijk. Er zijn veel thema's die we kunnen pakken die gaan over identiteit en ruimte. Zo kunnen we een rol spelen in deze regio en tegelijkertijd samen met deze regio de wereld inspireren."

Twivel oer finansjele takomst

Grutte fraach is oft dêr genôch jild foar bliuwt yn de takomst. As it museum it nivo fan de lêste jierren trochsette wolle, dan is der ekstra jild nedich, struktureel en foar grutte tentoanstellings, saneamde blockbusters. "We worden gehoord, maar sommige molens werken langzaam."

En safolle tiid is der net. "We zullen dit jaar beslissingen moeten nemen over de toekomst. We hebben veel tijdelijke contracten waar we definitieve beslissingen over moeten nemen. Het is van groot belang voor het museum om goede mensen aan je te binden. In de zomer of het najaar moeten we knopen doorhakken."

Foto: Fries Museum

Hjir, no en it ferline

Yn Other Worldly is wurk te sjen fan keunstners út binnen- en bûtenlân. De tentoanstelling bestiet út foto's, fideo's, tekeningen, in walfiskskelet dat út it plafond komt en in swarte doaze mei in diafoarstelling. "In de zwarte doos zie je de onderwaterwereld, zoals vissen en zeewier. Daarin verschijnen gezichten", seit kurator Hanne Hagenaars.

Hagenaars besiket mei de tentoanstelling ek ûnderlizzende ferhalen te fertellen. "Je bent in het hier en nu, maar ook in het verleden. De gezichten refereren aan het verleden, aan de slaven die in de slaventijd zijn verdronken. Er is de mythe van 'black atlantis' waarin de verdronken slaven onder water verder leven."

Hanne Hagenaars en Kris Callens fan it Fries Musuem

(advertinsje)
(advertinsje)