Plysje fynt lab en 4 miljoen euro oan drugs yn Wânswert, gjin oanhâldingen

De plysje hat yn in boerepleats yn Wânswert in aktyf drugslab oantroffen. Dêr waard nei alle gedachten metamfetamine - crystal meth - produsearre. Der binne ek syntetyske harddrugs fûn mei in strjitwearde fan sa'n 4 miljoen euro. De plysje hat gjinien oanholden.
Ingrid Coenen fan de plysje oer it drugslab:
Ingrid Coenen
Njonken it aktive drugslab fûn de plysje ek in lab dat noch yn oanbou wie. De plysje hie in tip krigen fan minsken dy't mooglike kriminele aktiviteiten sjoen hiene yn de pleats oan de Wirdsterterp yn Wânswert. Op basis fan dy tips wie de plysje oan in ûndersyk begûn.
"We hebben daar niet een verdachte aangetroffen, dus we kunnen nog meer tips gebruiken over verdachte personen die zich daar ophouden", seit Ingrid Coenen fan de plysje. "Voor zover wij weten werd het pand niet actief bewoond. Er zijn geen bewoners geregistreerd."
© Plysje
Yn de nacht fan woansdei op tongersdei is de plysje nei it pân gong. Dêr waard dus it drugslab fûn dêr't nei alle gedachten op grutte skaal metamfetamine produsearre waard. Yn in pân yn de buert waard in drugslab yn oanbou oantroffen. Dêrnjonken fûn de plysje it einprodukt fan syntetyske drugs, dat nei alle gedachten in strjitwearde hat fan fjouwer miljoen euro.
"Zowel het productieproces als de opslag van de chemische stof is gevaarlijk en schadelijk voor de gezondheid", seit Coenen. "Dus we zijn ook heel blij met de tips die we binnen hebben gekregen en dat we het laboratorium hebben kunnen oprollen."
Ingrid Coenen fan de plysje oer it drugslab
Nei de ynfal fan de plysje is der yn de nacht tafersjoch holden by it pân, sadat der oerdei ûndersyk dwaan wurde koe. It lab wurdt tongersdei ûntmantele troch it de Landelijke Faciliteit Ontmanteling.
De plysje wit net oft der in ferbân is tusken it drugslab yn Wânswert en oare drugslabs dy't it ôfrûne jier yn de provinsje fûn binne.
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân oer it drugslab
It drugslab yn Wanswert is net it earste dat oantroffen is yn de regio Noardeast-Fryslân. Ferline jier waard yn Jannum in grutte hennepkwekerij fûn en yn juny in drugslab tusken Jannum en Reitsum. Boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân is dan ek net fernuvere oer it drugslab by Wânswert. "Krekt yn it bûtengebiet dêr't pleatsen en stâlen leech stean en dêr't boeren somtiden finansjele problemen hawwe, binne minsken fetber foar dit soart aktiviteiten", seit Kramer.

"Lit jo hjir net mei yn!"

Op it plattelân is neffens him net altyd it nedige tafersjoch, om't de ôfstannen te grut binne. "Ek hjir binne minsken dy't om wat foar reden ek sokke aktiviteiten oangean en dat is soarchlik. We sitte der mei de plysje boppe-op om dit probleem oan te pakken en foar te kommen."
De boargemaster warskôget boeren om net yn kriminele saken mei te gean. "As je ien kear ja sein hawwe tsjin dit soart kriminelen, dan kinne je net werom. Jo en jo gesin wurde bedrige, alles stiet faai. Tink derom: dizze minsken binne nearne benaud foar. Lit jo hjir net mei yn!"