Twa minsken azemje reek yn by brân yn Ljouwert

By in brân yn in appartemint boppe in winkel yn Ljouwert ha twa minsken reek ynazeme. De brân is oan de Lieuwenburg yn de stêd. Ferskate apparteminten binne ûntromme.
© Kappers Media
De brânwacht hat mei twa blusweinen dwaande west om it fjoer út te meitsjen. De brân is ûnder kontrôle, mar der liket in soad skea oan it appartemint te wêzen.
De twa minsken dy't reek ynazeme ha, wurde ûndersocht troch ambulânsepersoniel. Nei mjittingen koene de minsken fan de oare apparteminten wol werom harren hûs yn.