Brânwacht rommet kilometerslang oaljespoar op Skylge op

13 feb 2020 - 17:01

De brânwacht op Skylge hat tongersdeitemiddei in skoft oan de gong west om in oaljespoar op de dyk fuort te krijen. It spoar rûn fan Formearum oan See rjochting in yndustryterrein by West.

Foto: ProNews

Hoe't de oalje op de dyk kaam is, is net dúdlik. Om ûngelokken foar te kommen waarden de korpsen fan Midslân en West ynset, sy ha de grutste stikken oalje fan de dyk spuite. De gemeente makket dat fierder dien.

Der wurdt noch ûndersocht wa't ferantwurdlik is foar de oaljelekkerij.

Trefwurden: 
brânwacht Skylge oalje
(advertinsje)
(advertinsje)