Tennisduo Arends en Pel: "Wij willen de wereldtop bestormen"

13 feb 2020 - 16:36

Nettsjinsteande it ferlies yn de earste ronde fan it World Tennis Tournament yn Rotterdam, wolle tennissers Sander Arends en David Pel foar langere tiid in duo foarmje. In duo dat ambysjes hat: "We willen op lange termijn de wereldtop bestormen." Mar ek in duo dat neffens bûnscoach Paul Haarhuis noch in soad wurk te fersetten hat: "Ze moeten individueel gaan werken om betere spelers te worden, om zo een beter koppel te vormen."

Arends en Pel giene woansdeitemiddei mei 3-6 en 5-7 ûnderút yn Rotterdam. Bûnscoach Paul Haarhuis, dy't sels in soad sukses hie yn it dûbeldspul, wie taskôger by de wedstriid. Hy seach dat der in soad misgie by de Nederlanners: "Ze moeten hun niveau omhoog brengen als ze constant op dit niveau willen presteren. Zo gooit Sander bij de opslag bijvoorbeeld de bal te laag op. Daardoor kan hij niet hard, of niet hard genoeg, serveren. En dus krijgt de tegenstander op zijn servicegame altijd kansen."

Ek oer Arends syn maat, David Pel, is Haarhuis tige kritysk. "Ik zie hem soms oplopen naar het net bij ballen waarbij dat helemaal niet kan. Dan denk ik, wat doe je? Zo word je een schietschijf aan het net."

'We vullen elkaar goed aan'

Arends en Pel snappe de krityk fan Haarhuis, mar it duo fynt ek dat se inoar just goed oanfolje, sa seit Amsterdammer Pel: "Ik heb een goede service, Sander juist wat minder. Hij heeft dan weer betere returns, die zijn bij mij weer minder." De 28-jierrige Arends laket wat en follet syn maat oan: "Het lijkt nu wel een wedstrijd, wat kan beter en zo. Maar we vullen elkaar heel goed aan, we vinden het prettig op de baan met elkaar en dat is het belangrijkste."

Ze moeten individueel betere spelers worden.

Paul Haarhuis, bûnscoach

Arends en Pel binne yn de katakomben fan Ahoy, dêr't it toernoai spile wurdt, dúdlik oer de ambysjes: "We zijn dit jaar niet zo goed begonnen, maar we willen ervoor zorgen dat we ons plaatsen voor Wimbledon dit jaar. Op lange termijn willen we dan de wereldtop bestormen."

Haarhuis, dy't derfoar soarge dat it duo in saneamde wildcard krige foar it toernoai yn Rotterdam, hat noch wol in idee hoe't Arends en Pel de stap nei de top meitsje kinne: "Ze moeten ervoor zorgen dat ze individueel betere spelers worden, zodat ze een beter duo kunnen vormen."

Paul Haarhuis oer Arends en Pel:

(advertinsje)
(advertinsje)