Frysktalige Keamerfragen Van der Molen net akseptearre

13 feb 2020 - 16:11

De Twadde Keamer akseptearret de fragen yn it Frysk fan CDA-Keamerlid Harry van der Molen net. Hy woe oan minister Van Engelshoven yn it Frysk syn soargjen uterje oer de ûntwikkeling fan it Frysk.

Harry van der Molen - Foto: ANP

Minister Van Engelshoven is drok dwaande om mear studinten op de opliedingen Nederlânsk te krijen. Van der Molen wol dêrnjonken ek oandacht foar de opliedingen Frysk. "Ik fyn it passend om it dan ek yn it Frysk te dwaan."

Mar dat kin dus net, skriuwt er op Twitter. "Dat valt nog niet mee. De Kamer accepteert geen vragen in het Fries. Dus nu maar een Nederlandse vertaling aan de tekst toegevoegd, tussen haakjes. Eens zien of dat nog op bezwaren stuit. Hoop het niet."

Yn it Frysk prate mei Ryksoerheid

As it oan Van der Molen leit, moatte minsken yn it Frysk mei de Ryksoerheid kommunisearje kinne. "It soe moai weze dat de Ryksoerheid dêr - ek al is it gjin plicht - in mouwe oan passe wol", sei er. "De provinsje Fryslân freegje om in Nederlânsktalige reaksje oer te setten yn it Frysk is in lytse muoite."

(advertinsje)
(advertinsje)