Undersyksried wol risiko's ICT-steuringen yn sikehûzen better yn byld ha

13 feb 2020 - 16:08

De risiko's fan it útfallen fan kompjûtersystemen yn sikehûzen moatte better yn byld brocht wurde. Dat seit de Onderzoeksraad voor de Veiligheid. Dy hat ûndersyk dien nei ferskate steuringen fan de ICT-systemen yn sikehûzen, dy't rjochtstreekse gefolgen hiene foar de soarch.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Sa koene dokters net mear by de pasjintedossiers en moast belangrike ynformaasje mei de hân fêstlein of trochbelle wurde. Dat soarge foar in soad fertraging en makke de kâns op flaters grutter.

Neffens de Onderzoeksraad binne sikehûzen tsjintwurdich bot ôfhinklik fan ICT. Se moatte har dêrom better tariede op it útfallen fan systemen. Ferline moanne hie sikehûs MCL yn Ljouwert problemen mei de ICT, troch in befeiligingslek. Dat soarge ek foar problemen.

(advertinsje)
(advertinsje)