Prinses Margriet iepenet Maritiem Instituut Willem Barentsz op Skylge opnij

Prinses Margriet sil tongersdei 16 april it Maritiem Instituut Willem Barentsz (MIWB) op Skylge weriepenje. It ynstitút wie sûnt 2018 ticht fanwege in renovaasje.
Prinses Margriet © ANP Producties
By de weriepening stiet duorsumens yn de maritime sektor sintraal. De prinses sil it nije, duorsume gebou iepenje en kriget dêrnei in rûnlieding troch de skoalle.
Dosinten en studinten fertelle oer de ûntwikkelingen yn it seefeartûnderwiis en sille de simulatoaren sjen litte dy't mei de lessen brûkt wurde. De prinses sil mei reders en oare belutsen persoanen oer de takomst en de wearde fan it seefeartûnderwiis foar it Nederlânske bedriuwslibben prate.

MIWB

It MIWB set by de seefeart yn op de trochûntwikkeling fan it maritime berop troch ynnovaasje, ûndersyk en gearwurking tusken it ûnderwiis en it bedriuwslibben.
It ynstitút is ûnderdiel fan hegeskoalle NHL Stenden en wurket mei de Koninklijke Vereniging van Nederlandse Reders (KNVR) en de maritime sektor oan it oplieden en trainen fan maritime offisiers, hydrografen en skipsûntwerpers. It MIWB bestiet sûnt 1875. Prinses Margriet iepene yn 1966 de lokaasje op Skylge.