Jeltje Heida hat nei 43 jier har trouring werom

13 feb 2020 - 15:39

Goed 43 jier lang moast Jeltje Heida fan De Jouwer har trouring misse. Mar ferline wike krige se in ferrassing: Richard Devilee hie de ring mei syn metaaldetektor weromfûn.

Foto: HoogMedia

Jeltje Heida (76) rekke de ring 43 jier lyn by it melken kwyt. "Nei it melken wosk ik my en tocht 'hee, ik bin de ring kwyt'. Dus alles ôfsocht en net te finen", fertelt Jeltje.

Jeltje en har man Klaas (84) ha jierren om de ring socht. "Wy ha earst wol ôfgryslik socht. En yn 2000 is ús âld pleats ôfbrutsen en ha wy omraak ús bêst dien, mar wy koene 'm net fine. Dêrnei ha wy der eins net wer oan tocht."

Klobbe goud

Mar ferline wike kaam de ring samar werom, fertelt Klaas. "Sneintemiddei rûn ik efkes mei de hûn. Der wiene twa man yn it lân en wy praten sa efkes. Ik sei: 'myn frou hat eartiids ek in ring ferlern, ik wit net krekt wêr't der leit, mar miskien op dit stik lân wol'. De moandei wie er yn in oar stik dwaande en fûn hy dy ring."

Omdat Jeltje yn De Flecke oan it opbetterjen wie fanwege in nije heup en Klaas har dêr eltse middei besocht, duorre it in pear dagen foar't Devilee Heida thús trof. "Dêr stie er, te gnizen by de doar, ik sei: dy hat in klobbe goud fûn. 'Ik ha 'm', sei er."

Doe't Jeltje thúskaam út De Flecke, ferraste Klaas har mei de ring. Sy hat de trouring fuort wer omdien. "Hy paste noch en wie ek net sliten."

Jeltje en Klaas Heida oer de ring dy't nei 43 jier weromkaam

(advertinsje)
(advertinsje)