Reder oanspraaklik steld foar mooglike skea: "Die spullen moeten weg"

Rykswettersteat hat de reder fan kontenerskip OOCL Rauma oanspraaklik steld foar de skea dy't ûntstean kin, trochdat it skip sân konteners ferlern hat op de Noardsee fan 'e wike.
© Kustwacht
Rykswettersteat seit dat it normale proses yn gong set is. Sa wurdt der in bergingsplan makke. De reder hat sels in berger ynskeakele. Kwa proses liket it op hoe't it gong mei de MSC Zoe, seit Edwin de Feijter fan Rykswettersteat. "Het grote verschil is dat de MSC Zoe qua omvang de buitencategorie was."
It bergjen fan de konteners begjint sadree't it waar better wurdt. "Waarschijnlijk liggen ze inmiddels op de bodem. Alle gegevens zijn aan de berger doorgegeven. En als de containers worden gevonden, dan kunnen ze misschien direct worden geborgen. Maar dat hangt van het weer af. Momenteel is het slecht weer en ook de vooruitzichten zijn niet goed", meldt Rykswettersteat.
Het vormt wel een risico voor de scheepvaart, de visserij en niet in de laatste plaats voor het milieu.
Edwin de Feijter fan Rykswettersteat
Yn de konteners sitte gjin gefaarlike stoffen. It soe gean om rollen papier, molkpoeier en ferpakkingsmateriaal. Mar dat betsjut net dat alles tafalt: "Vergeleken met de MSC Zoe wel, maar dit incident vormt wel een risico voor de scheepvaart, de visserij en niet in de laatste plaats voor het milieu. Dus we hebben gezegd: die spullen moeten weg."
Neffens De Feijter bart it op de Noardsee sa'n ien of twa kear it jier dat in skip konteners ferliest. "Wellicht dat het nu wat meer aandacht trekt na de containerramp van vorig jaar." Nei de ramp mei de MSC Zoe slagge it net om al it guod boppe wetter te heljen. "Op een gegeven moment is dat niet meer haalbaar."

Undersyk ILT

De ynspeksje Leefomgeving en Transport ûndersiket hoe't de konteners fan it skip ôffalle koene. De ynspeksje hat earder dizze wike al op it skip west. Sy hawwe ûnder mear ûndersyk dien nei de feilichheid, de bemanning en de lading.
It skip is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oankaam yn de haven fan Rotterdam.
Edwin de Feijter fan Rykswettersteat