Nijbou wensoarchsintrum Finke yn Koudum set útein

13 feb 2020 - 14:00

Yn Koudum wurdt tongersdeitemiddei offisjeel úteinset mei de nijbou fan wensoarchsintrum Finke. Der komme lytsere wengebouwen foar minsken mei demintens en ek in pear apparteminten foar minsken dy't tydlik soarch nedich hawwe. It giet om in kompleks fan soarchorganisaasje Patyna.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De wenningen wurde lytsskaliger. Eartiids hiene de minsken lichtere soarch nedich. "De minsken dy't der no yn komme, hawwe frij swiere soarch nedich en dy freegje dus ek wat fan de foarsjenning", fertelt Machiel Talsma fan Patyna. "Se hawwe in goede deistruktuer nedich. Dêr passe grutte gebouwen minder goed by."

Lytsskalige wenningen

Der komme fiif groepswenningen. Yn elke groep kinne acht minsken. De wenningen en de wurkwize wurde lytsskaliger, sadat it foar de minsken in werkenbere omjouwing is en sadat it personiel better ynspylje kin op de winsken en gebrûken fan de minsken. "It sit folle tichter op de minsken en mei de minsken."

Der binne ek tydlike soarchmooglikheden. Dat binne wenningen foar minsken dy't tydlik soarch nedich hawwe. Dy twa plakken binne keppele oan de wenningen en binne likernôch gelyk.

Nijbou yn fazen

De nijbou giet yn fazen, sadat minsken op it terrein fan de Finke wenjen bliuwe kinne. Ferline jier is it earste part sloopt en is der grûn oankocht. Dêr wurdt no earst op nijboud. De minsken dy't no noch yn de Finke wenje, kinne dan dêrhinne ferhúzje. It âlde part wurdt dan sloopt en dan kin der op boud wurde.

Meastentiids wurdt der in earste peal setten, hjir dogge se it krekt wat oars. Der is in earste flier oanlein, dêr't alle minsken wat op skreaun hawwe. Dy wurdt yn it gebou ynbrocht en foar in ivichheid fêstlein.

Machiel Talsma fan Patyna oer it nije wensoarchsintrum

(advertinsje)
(advertinsje)