Maitiid komt betiid, wat betsjut dit foar de natuer en de tún?

13 feb 2020 - 13:29

Der is gjin flokje snie fallen dizze winter, en it tal kearen dat de autoruten skrabbe wurde moasten, is op ien hân te tellen. Koartsein: Fryslân hat de winter oerslein, en begjint eins al oan de maitiid. En dat hat gefolgen foar de natuer en de tún.

By de Krûdhof yn Bûtenpost moatte je op dit stuit noch sykje nei de knoppen en blommen, mar se binne der wol deeglik. De krokussen en snieklokjes steane al in skoftke yn bloei, en sa stadichoan folgje ek de beammen en oare planten. Under oare de krystroazen steane folop yn bloei: "Dizze bloeie gewoanwei yn maart, mar dit jier binne se folle earder", fertelt Jan Willem Zwart fan de Krûdhof.

De krystroazen binne in goeie nektarboarne foar de bijen, mar mei de legere temperatueren binne dêr noch net al tefolle fan te sjen. Dat is lykwols skyn, sa seit Zwart. "De bijen geane mei op it klimaat, as de sinne skynt dan wurde se wekker en komme se út de grûn." Mocht it dêrnei wer kâld wurde, kinne se ek sa wer de grûn yn, de wintersliep trochsette, sa leit Zwart út.

Gers meane

Foar de minsken dy't kommend wykein mei de hegere temperatueren al de maitiidskribels krije hat Zwart wol in goeie tip: gers meane. "Minsken sille miskien sizze, 'meane yn febrewaris, dat haw ik noch nea dien'. Mar gers hat in groeitemperatuer fan sân graden!" En dat helje wy kommend wykein maklik.

Foto: Omrop Fryslân

Dêrnjonken riedt Zwart ôf om fuort de planten ôf te knippen. "Dat is sa'n moaie foedingsboarne foar ynsekten en it boaiemlibben. Dy nije planten komme der wol trochhinne dalik. In tún hoecht net âlderwetsk swart te wêzen."

Heakoarts

Gefolch fan dat eardere gersmeanen is fansels wol dat der oerlêst komt foar minsken mei heakoarts. En net allinnich de lytse gersspoaren soargje foar proesten en reade eagen: in grut tal beammen is ek al dwaande mei bloesem. Yn de Krûdhof binne der ûnder oare by de bjirken al knoppen te sjen. "De bjirk is typysk sa'n beam dêr't minsken supergefoelich foar binne."

De tip is dus: nim de heakoarts-medisinen dit jier wat earder yn!

Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei it petear mei Jan Willem Zwart

(advertinsje)
(advertinsje)