Gemeente en Voedselbank Weststellingwerf sille gearwurkje

13 feb 2020 - 13:27

De gemeente Weststellingwerf en de Voedselbank yn dy gemeente hawwe in gearwurkingsoerienkomst tekene. Weststellingwerf sil 5.000 euro subsydzje jaan foar ûnder oare sûn iten.

It tekenjen fan de gearwurkingsoerienkomst - Foto: Gemeente Weststellingwerf

De Voedselbank krijt al produkten fan bygelyks supermerken en bakkers en fia ynsammelaksjes. Mar meastentiids sit dêr gjin farske griente en fruit by. Mei de subsydzje hat de Voedselbank ek de mooglikheid om sûn iten oan te skaffen foar de pakketten.

"Voor gezonde voeding is er vaak niet voldoende geld. We zijn dan ook blij met de subsidie van de gemeente", seit Willem Feenstra fan de Voedselbank. "Hiermee vullen we de pakketten aan met verse groenten, fruit en zuivel."

De Voedselbank sil minsken wize nei it gebietsteam fan de gemeente ferwize. It gebietsteam kin minsken mei finansjele problemen helpe om oersjoch yn harren jildsaken en de regelingen dy't bestean om skulden oplost te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)