Buma neamt brânstifting fan auto's stedstafersjoch "een laffe daad"

13 feb 2020 - 17:13

De trije auto's fan stedstafersjoch dy't yn de nacht fan woansdei op tongersdei útbaarnden oan de Ljouwerter Grienewei binne nei alle gedachten yn brân stutsen. Dat tinkt de plysje, dy't de saak heech opnimt.

"Het in brand steken van auto's van de gemeente is ondermijning van de overheid. Wij zullen er daarom alles aan doen om deze zaak op te helderen", seit plysjewurdfierder Paul Heidanus. Yn oktober giene ek al twa auto's fan stedstafersjoch ferlern troch brânstichting. It giet dus mei-inoar om fiif útbaarnde gemeente-auto's yn in pear moanne tiid.

De plysje is al drok dwaande mei it ûndersyk nei de saak. De plysje hâldt der rekken mei dat de twa gefallen fan brânstifting mei-inoar yn ferbân stean kinne, mar is dêr noch net wis fan. De plysje sil alle ynformaasjekanalen brûke dy't liede kinne nei de mooglike dieder of dieders. It giet dan om spoare-ûndersyk, it besjen fan kamerabylden dêr't wat op stean kin en om ynformaasje fan mooglike tsjûgen.

Plysjewurdfierder Paul Heidanus giet út fan brânstifting

Foto: Kappers Media

Op de bylden fan oktober wie wol in mooglike dieder yn byld, mar dat hat doe net ta in oanhâlding laat. Oer wat der op de bylden fan fannacht te sjen is woe de plysje neat sizze yn it belang fan it ûndersyk.

Buma: "Laffe daad"

De meiwurkers fan stedstafersjoch binne bot skrokken fan dit twadde gefal fan brânstichting yn in pear moanne tiid. De meiwurkers hawwe by harren wurk geregeld te meitsjen mei agressy. De fûle brân fan fannacht komt dêrom bedriigjend oer.

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert gie tongersdeitemiddei by harren op besite om de meiwurkers in hert ûnder de riem te stekken. Ek de boargemaster nimt dit twadde gefal fan brânstifting fan gemeentlike auto's bysûnder heech op. "Het is een laffe daad", seit de boargerheit. "It is te gek foar wurden dat je in gemeentlike auto net bûtendoar parkeare kinne." Minsken moatte fan amtners, mar ek fan harren ferfier ôfbliuwe, fynt de boargemaster.

Wurk giet troch

It wurk fan stedstafersjoch giet safolle mooglik gewoan troch mei alternatyf ferfier. Der wurde ek nije auto's besteld. Dêrfoar wurdt wol in alternatyf parkearplak socht foar de nacht.

Boargemaster Sybrand Buma oer de brânstifting

(advertinsje)
(advertinsje)