Cambuur rekket Maulun kwyt op lêste training

13 feb 2020 - 13:05

SC Cambuur kin freed tsjin Almere City net beskikke oer Robin Maulun. De middenfjilder rekke tongersdei op de lêste training blessearre en waard nei de sydkant droegen.

Trainer Henk de Jong wit noch net wa't de ferfanger wurdt fan Maulun. Om't it op it lêste momint fan de training barde, moat hy noch yn oerlis mei syn assistinten. "Skande, want Robin is op dit momint fantastysk. Syn ankel klapte dûbel yn in duel mei Kellian van der Kaap. Mar, ik ha der noch net iens oer neitinke kinnen, want it is krekt gebeurd", fertelt De Jong.

De spuolling is sawiesa al tin yn de middelste liny, want ek Jamie Jacobs en Stanley Akoy binne net ynsetber fanwege in blessuere. Dêr stiet tsjinoer dat yn de oanfal Issa Kallon weromkomt by de seleksje. Hy sit tsjin Almere City op de bank. De Jong: "As ik him yn de basis begjinne lit, dan is de kâns grut dat er wer lêst krijt en dat wolle we eins foarkomme."

Foto: Orange Pictures

Schmidt foar Van Ewijk

Yn de ferdigening krijt Doke Schmidt wer in basisplak. Dat betsjut dat Milan van Ewijk op de bank sit. Dy lêste makke ferline wike syn basisdebút, mar wurdt no út foarsoarch oan de kant hâlden. Hy hie by de technyske stêf oanjûn him net hielendal fit te fielen, fertelt De Jong: "De oare manier fan trainen en fuotbaljen hat in bêst beslach op him lein, hat er by ús oanjûn. Der hat er fysyk wat lêst fan." Yn de ferdigening ûntbrekt ek de al langer blessearre Sven Nieuwpoort.

Werom fan in blessuere

Giovanni Korte mei him sûnt ferline wike ek wer echt fuotballer neame. Heal oktober rekke de oanfaller blessearre oan syn ankel. Ferline wike tsjin MVV makke er syn rentree as ynfaller: "Dat was heel fijn. Daar heb ik voor gerevalideerd. Het was een lange revalidatie van vierenhalve maand. Ik ben super blij dat ik er weer bij ben." Korte wol him sjen litte, want nei eigen sizzen is dat yn it begjin fan it seizoen net slagge. "Ik heb de eerste vijf, zes wedstrijden gespeeld en eerlijk gezegd heb ik niet het niveau gehaald dat ik kan."

It wurdt allinne wol in toer foar Korte om himsels wer yn de basis te spyljen, want Cambuur hat mei Jarchinio Antonia, Issa Kallon, Ragnar Oratmangoen, Mitchel Paulissen in hiel soad bûtenspilers. En dy dogge it goed, sjocht Korte. "Ik ben hartstikke blij voor die jongens, dat meen ik echt. Dus het ligt aan mij hé? Wat ik zelf laat zien."

De wedstriid tusken Almere City en SC Cambuur is freedtejûn om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ut Almere wei fersoarget ferslachjouwer Andor Faber it kommentaar. Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)