Gemeenteried stimt tsjin rommere winkeltiden yn Ljouwert

Der komme gjin rommere winkeltiden yn de gemeente Ljouwert. Der wie gjin mearderheid foar dat foarstel yn de gemeenteried. Allinnich VVD, D66 en de helte fan de PvdA-fraksje wiene foar.
Winkelsintrum Zaailand yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn de nije feroardering soene winkels it hiele jier troch fan 6.00 oere oant middernacht iepen gean kinne. Doel wie om de gemeente sa oanloklik te hâlden foar bewenners en om mei te gean yn de lanlike ûntwikkelings.
Der wie grutte ferdieldheid oer de feroare winkeltiden. De stimming waard dêrom earder dit jier al ris útsteld.