Turnster Sanne Wevers slacht World Cup yn Doha oer

Turnster Sanne Wevers sil yn maart allinnich op de wrâldbekerwedstriid fan Bakoe yn Azerbeidzjan yn aksje komme. De olympysk kampioen op de balke fan Rio 2016 soe yn earste ynstânsje ek dielnimme oan de wedstriid fan Doha yn Katar, mar hat besletten har te rjochtsjen op har trainingsproses yn de oanrin nei de Olympyske Spelen fan Tokio. Nederlân hat him as team pleatst foar de Spelen.
© www.orange-pictures.nl
Wevers, berne yn Ljouwert, seit der bewust foar te kiezen om mar oan ien World Cup mei te dwaan. "Twee wedstrijden achter elkaar is net iets te veel en past niet goed in de voorbereiding richting de Olympische Spelen", seit se. "In Bakoe wil ik vooral kijken waar ik sta, zodat ik daarna weer verder kan met het uitbouwen van mijn oefening. Daar heb ik tijd voor nodig."
De 28-jierrige Wevers hat in dreech jier achter de rêch. Se hie meardere kearen klachten oan har rjochterheup en -skonk. Op it WK kaam se net yn de buert fan in finaleplak op de balke, mar levere se wol in bydrage oan it teamresultaat.