Ald-Cambuurspiler Carlo de Leeuw (59) ferstoarn

13 feb 2020 - 11:03

Ald-Cambuurspiler Carlo de Leeuw is tongersdei op 59-jierrige leeftiid ferstoarn. Dat meldt Feyenoord, dêr't De Leeuw sûnt 2000 materiaalman wie, op de webside. De middenfjilder spile fan 1983 oant 1989 by de Ljouwerters. Hy makke yn dy perioade yn totaal 25 doelpunten.

It earste seizoen fan De Leeuw by Cambuur wie fuort it seizoen dêr't hy it meast ta skoaren kaam. Yn totaal makke er leafst 10 doelpunten. De middenfjilder spile doe yn in team mei ûnder oaren Jos Peltzer, Johan Groote, Len Cantello, Koko Hoekstra en de hjoeddeistige technysk manager Foeke Booy.

Feyenoord

De Leeuw wie sûnt 2000 materiaalman by Feyenoord. Oan it begjin fan dit seizoen waard by him kanker konstatearre. It hichtepunt fan syn karriêre wie syn doelpunt yn de bekerfinale fan 1980 mei Feyenoord tsjin Ajax.

Carlo de Leeuw - Foto: SC Cambuur

Ald-Cambuurspeler Johan Groote oer Carlo de Leeuw

Johan Groote spile seis seizoenen mei De Leeuw by Cambuur: "Een geweldige voetballer, maar ook een geweldig mens. Hij was sociaal betrokken, had aandacht voor iedereen. Hij had echt zijn plek in de selectie."

De Leeuw waard yn syn tiid by Cambuur net altyd begrepen, seit Groote. "Carlo was verreweg de beste speler. In onze tijd vond ik zijn kwaliteit dat hij wel twee of drie posities vooruit dacht. Vaak snapten wij hem als speler niet eens, omdat hij had gezien dat hij de bal in de loop kon geven, terwijl wij stilstonden en de bal in de voeten wilden."

(advertinsje)
(advertinsje)