Neilittenskip LF2018: Alle seilen bysette om op de kulturele kaart te bliuwen

13 feb 2020 - 10:56

Fryslân moat alle seilen bysette om op de kulturele kaart fan Nederlân te bliuwen. It Ljouwerter ûndernimmersfûns (LOF) fielt him yn dat stribjen swier yn de steek litten troch de Fryske polityk. Dat sei LOF-foarsitter Pieter Douma woansdei by de earste IepenUP Live fan dit seizoen, dat hielendal yn it teken stie fan de kulturele takomst nei LF2018.

Pieter Douma fan it Leeuwarder Ondernemersfonds:

Hoewol't it LOF tonnen ynvestearre hat om it kulturele oanbod ek nei de Kulturele Haadstêd yn 2018 op nivo te hâlden, binne de ûndernimmers net mear by it ferfolchprojekt belutsen.

Neffens Douma ha de dêrfoar oanlutsen kertiermakkers Sjoerd Bootsma en Lieuwe Krol boppedat de ferbining tusken kultuer en ekonomy út it each ferlern. Beide manlju erkenne dit probleem. Mar neffens harren is it dreech om it belang fan kulturele eveneminten foar de ekonomy troch it polityk bestjoer erkend te krijen.

En dy ferbining is wol nedich om ek yn de takomst in sûn kultureel klimaat te hâlden. Dêrom hat it LOF no mar sels twa fûnsen oprjochte, dy't beide oer in heal miljoen foar de ferskate kulturele projekten beskikke moatte.

By elkoar op skurte

Ek Wiebe Kootstra fan festivals as Psy-Fi en Promised Land makke him drok oer it ferdielen fan benammen de provinsjale sinten foar de kulturele erfenis. "Ik ha de deputearre al ferwiten dat je allinnich sinten krije as je by mekoar op skurte sitte. En dat alle oaren bûten de boat falle." Neffens Kootstra hie de deputearre him dêryn net tsjinsprutsen.

Grutste kulturele oanbod fan Nederlân

Direkteur Jan-Jaap Knol fan it kennissintrum foar keunst en kultuer De Boekmanstichting woe graach de fokus op it positive hâlde. Oan de hân fan hurde sifers liet hy sjen dat Fryslân op dit stuit it grutste kulturele oanbod hat fan it lân.

As it oan minsken as Tatiana Pratley fan Tryater en direkteur Kris Callens fan it Fries Museum leit, sil dat ek sa bliuwe. Neffens harren binne krekt yn 2018 in soad jonge kultuermakkers opstien dy't fol moaie planne sitte foar de takomst. "We moeten de culturele erfenis niet verkruimelen, maar hebben juist toppers nodig", sa sei Callens. "Het gaat om de taartpunt die we krijgen, dus moeten we met z'n allen zorgen dat de taart groter wordt!"

Besjoch hjir de folsleine IepenUP Live

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)