Skip oankommen yn Rotterdam, konteners bliuwe spoarleas

13 feb 2020 - 10:43

It skip OOCL Rauma, dat earder dizze wike sân konteners ferlear boppe de Waadeilannen, is lang om let oankommen yn de haven fan Rotterdam. It skip kaam woansdeitenacht oan op syn einbestimming, nei in reis út Finlân wei.

OOCL Rauma - Foto: Shutterstock.com

Underweis ferlear it skip as gefolch fan it stoarmige waar meardere konteners. De Kustwacht siket noch hieltyd om dy konteners, mar hat oant no ta noch neat oantroffen. It fleantúch fan de Kustwacht sil ek tongersdei wer de loft yn, om de konteners lokalisearje te kinnen.

Trefwurden: 
kustwacht skip kontenerramp
(advertinsje)
(advertinsje)