Soargen oer nije strjitferlochting gemeente Ljouwert; min foar miljeu

13 feb 2020 - 10:40

Der binne soargen en argewaasje oer nije strjitferljochting yn de gemeente Ljouwert. Op it stuit is de gemeente dwaande om tûzenen lampepeallen te fernijen mei LED-ferljochting. Dit projekt sil it hiele jier noch duorje, mar ljochtaktiviste Nynke-Rixt Jukema makket har grutte soargen oer it miljeu-effekt fan in part fan dy nije ferljochting.

Ut ûndersyk docht bliken dat LED-ferljochting fan boppe de 3.000 kelvin net goed is foar it bioferskaat. De measte lampepeallen komme net boppe de 3.000, mar bygelyks dy oan de rûnwei wol. Dêr makket Jukema har grutte soargen oer.

"Ik skrok der hiel bot fan, want it is hieltyd mear bekend dat LED-ferljochting hiel skealik is foar it bioferskaat, foaral foar nachtflinters, ynsekten en flearmûzen", seit Jukema. "Yn Europa komt der hieltyd mear wetjouwing dy't foarskriuwt dat der net mear as trije tûzen kelvin tapast wurde moat."

Ferskillende soarten ljocht

Bart van der Scheer fan de gemeente Ljouwert seit dat der ûnderskied makke wurdt yn hokker ljocht wêr brûkt wurdt. "Met vernieuwing van verlichting maken we onderscheid tussen hoofdwegen en de stadsring, daar kijken we naar andere verlichting dan in de woonwijken. Daar houden we het meer richting warmer wit licht, op de hoofdwegen maken we het iets witter. Dat is meer gericht op de verkeersveiligheid, in de wijken gaat het meer op sociale veiligheid."

Yntinsiteit

Dat ljocht by de haadwegen is sterker, mar der wurdt wol rekken holden mei de ljochtyntinsiteit, seit Van der Scheer. "Op momenten dat er verkeersdrukte is, is de intensiteit van de verlichting hoger. Later op de avond halveren we het licht bijna."

Neffens Jukema is dat net genôch. "It is eins hiel simpel: nea mear brûke as 3.000 kelvin. Dat is no ynternasjonaal bekend, dêrom lied ik sa de needklok. Want je lêze it yn de krante en aansen bestelle se it, dan is it te let. No kinne wy noch wat dwaan, it moat echt nei omleech."

Ferslachjouwer Willem de Vries gie mei Nynke-Rixt Jukema en Bert van der Scheer

(advertinsje)
(advertinsje)