Oaljeplak yn haven Harns opromme, feroarsaker achterhelle

13 feb 2020 - 10:07

It oaljeplak, dat woansdei oantroffen waard yn de Willemshaven yn Harns, is opromme. Rykswettersteat hat ek de feroarsaker fan it oaljeplak achterhelle. Dy sil de opromkosten foar syn rekken nimme moatte.

Foto: Rykswettersteat

Om wa't it krekt giet, seit Rykswettersteat net. Neffens harren komt de oalje fan in skip dat yn de haven leit.

450 liter oalje

Der waard woansdei goed 450 liter gasoalje út it wetter fan de Willemshaven helle. Dêrfoar binne saneamde 'oliebooms' brûkt, dy't de oalje út it wetter opnimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)