Kollum: "Podcastkorrespondint"

13 feb 2020 - 08:27

"Om't ik mysels in bytsje as podcastkorrespondint fan Omrop Fryslân sjoch, no efkes in update út de wrâld fan de podcast. Fan 'e wike stie yn 'e krante dat de Nederlânske plysje podcasting ynset by cold cases; saken dy't soms al desennialang muorrefêst sitte en dêr't se fan hoopje dat immen it ûndersyk wer flot lûke kin. De plysje seit dat True Crime-searjes tige populêr binne, en dat kloppet, dus ast it goed oanpakst, kinst samar in podcasthit hawwe, as Nederlânske plysje.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Hielendal hjit op it nijs bin ik as korrespondint spitigernôch net, want de earste coldcasepodcastôflevering is al mear as in jier âld. Mar hee - de krante hie it ek net earder. De plysje hat no trije saken yn de 'Politie Podcast' behannele. Se skriuwe it as twa wurden, mar it is in relatyf nij medium, dus hawar. Moat ik skeptysk wêze oer dit fenomeen?

Martin de Wit is de makker. Hy is foarljochter by de plysje, en dus in plysjeman. Hy ynterviewt op 'e foto yn 'e krante foar de podcast yn unifoarm. Hy wurke - neffens syn Twitterberjocht fan twa jier lyn - trettjin jier by RTV Utrecht. De switch fan sjoernalist nei foarljochter wurdt faker makke, en ik kin my noch heuge dat soks ûnder sjoernalisten... ja hoe sil ik it sizze, lit ik it as podcastkorrespondint netsjes hâlde... it's frowned upon. Alteast, dat wie sa. Tiden feroarje.

Media-ûndernimmer Erwin Blom - ea yn tsjinst fan de VPRO - sei it jierren lyn al: elk bedriuw wurdt in mediabedriuw. Eartiids fûn ik dat stom, mar yntusken wurdt syn útspraak alle dagen befêstige: fansels sit elk bedriuw op YouTube, Instagram, Twitter en Facebook. Se meitsje filmkes, foto's en teksten, wurksumheden dy't oant in skoftke lyn óf troch PR-minksen dien waarden, óf troch sjoernalisten. Hjoed-de-dei is dy skiedsline net sa helder mear. Net allinnich de Nederlânske plysje makket in podcast. Mar bygelyks Rykswettersteat makket der ek ien. En ik kin it witte, want ik bin de makker. Freelance, mar dochs.

'Mar Botte - leveret dat dan gjin yntegriteitskwestjes op, asto podcasts foar in ryksorganisaasje makkest, en ûndertusken ek podcastkorrespondint fan 'e Omrop bist?' Goeie fraach, en ik snap dizze fertochtmakking, troch mysels, fan mysels, mar sa simpel leit yntegriteit net. Doe't ik yn tsjinst wie fan in omrop, waard ik in kear troch de redaksje frege om in ferslach te meitsjen oer de Nederlânske suvelyndustry. Doe sei ik: dat doch ik net, want ik bin in de soan fan in melkfeehâlder. Soan fan in melkfeehâlder wêze, giet tsjin gjin inkelde yntegriteitsregel yn. Mar soks kinne je gewoan better net dwaan.

Dêr komt noch wat by. Fan 'e wike waard ek bekend dat twa omropmeiwurkers in rjochtsaak begjinne tsjin AT5 en NH Media - yn Amsterdam en Noard-Hollân, kollega-omroppen fan Omrop Fryslân. Organisaasjes dy't tige pleage binnen troch besunigingen. Ynset fan 'e saak binne in fêst kontrakt en efterstallich lean fan 50.000 euro. Om't de meiwurkers troch it omropbedriuw ûntslein binne, en foar minder jild wer ynhierd waarden fia in tuskenpersoan. Om eksakt itselde wurk te dwaan.

En dit hast net fan my as podcastkorrespondint, mar dit bart dus de hele tiid yn omroplân. Benammen yn Hilversum ha se der in hantsje fan. Redaksjeleden fan programma's binne seizoensmeiwurkers. Presintatoaren dy't net Matthijs van Nieuwkerk hjitte, fertsjinje te min om harren wurk op 'e radio of tv goed dwaan te kinnen, dus dy kinst ynhiere fia sprekkersbureau's en mei ien schnabbel by Akzo-Nobel ha se foar twa moannen ynkommen feilich steld.

Der is net in soad jild mear by de omroppen, dat ik snap wol dat Martin de Wit in baan nommen hat by de plysje. En sjoch no: hy mei in podcast meitsje, mei in fêst kontrakt, fakânsjedagen en pensjoenopbou. Ik wist net dat de fakatuere der wie, mar as ik dy sjoen hie, hie ik dêr wol efkes goed oer neitocht.

Dus: skeptysk oer de plysjepodcast? Ja, fansels, want je moatte altyd tûk wêze op wa't de ôfstjoerder fan in boadskip is. Mar wat is der mis mei it besykjen fan 'e plysje om cold cases op te lossen. Wat de sjoernalistyk oanbelanget - besunigingen op publike omroppen lykas Omrop Fryslân en AT5 hawwe konsekwinsjes foar sjoernalistyk. Je kinne as publyk stimme op politike partijen dy't jild foar sokke podcasts oan de plysje jaan wolle, of oan 'e omroppen. It bliuwt itselde jild."

(advertinsje)
(advertinsje)