Farmers Defence Force kundiget nije protestaksje oan

13 feb 2020 - 06:51

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force wol opnij demonstrearje yn Den Haag. It plan is om op woansdei 19 febrewaris op de trekker ôf te reizgjen nei de politike haadstêd, om't dêr dan praat wurdt oer de maatregels tsjin de stikstofútstjit. De boeren wolle net meiwurkje oan har eigen ûndergong, seit Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force.

Foto: ANP

Ferline wike hat it Landbouw Collectief, in kollektyf fan agraryske belange-organisaasjes, noch om tafel sitten mei lânbouminister Schouten en premier Rutte, mar Van Keimpema is net gerêst op in goede útkomst fan it de kabinetsplannen. Farmers Defence Force wol dêrom op 'e nij demonstrearje.

Noch net alle lânbou-organisaasjes hawwe har oansletten by de aksje. "Wy hawwe yn elts gefal de datum steld en hoopje dat oare organisaasjes har oanslute wolle de kommende dagen", seit Van Keimpema. "We hawwe der yn elts gefal oer praten, dus it is gjin nijs foar de organisaasjes binnen it Landbouw Collectief."

Dúdliker plan

Op sosjale media skreaune boeren dat se in dúdliker programma wolle foar in folgjende demonstraasje. Dochs is neffens Van Keimpema de aksjereewilligens by de boeren grut. "In soad boeren hawwe hiel goed yn de gaten hawwe hokker beliedsfoarstellen der no lizze."

GroenLinks kaam nammentlik mei in wetsfoarstel om de stikstofútstjit yn 2035 te halvearjen, troch de feesteapel mei de helte yn te krimpen. "As wy ferkeard belied oplein krije, dan is it foar ús as boeren ein ferhaal. Minder fee betsjut minder boeren."

De boeren wolle neffens Van Keimpema graach meiwurkje om ta in oplossing te kommen. "Mar wy wolle net meiwurkje oan ús eigen ûndergong. As wy meiwurkje, is dat om boer te bliuwen en net om mei in pûde fol jild derút te stappen."

Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force

(advertinsje)
(advertinsje)