Opnij trije auto's fan stedstafersjoch útbaarnd

13 feb 2020 - 06:16

Trije auto's fan it stedstafersjoch yn Ljouwert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn flammen opgien. De auto's stiene parkearre foar it kantoar fan de hanthaveners oan de Grienewei. It is de twadde kear dat dat bart. Yn oktober waarden ek al twa auto's yn 'e brân stutsen.

Om 3.00 oere hinne kamen de meldingen binnen by de helptsjinsten. Doe stiene al trije auto's yn ljochte lôge. In fjirde auto koe noch rêden wurde. De brânwacht hat lykwols lang yn it spier west om it fjoer út te meitsjen.

Hoe't it fjoer ûntstean koe, is noch net bekend, mar krekt as de foarige kear is der in sterk fermoeden fan brânstichting. Yn oktober giene op eksakt itselde plak ek twa auto's fan it stedstafersjoch yn flammen op. De plysje sei doe dat it fjoer oanstutsen wie.

(advertinsje)
(advertinsje)