Provinsjale Steaten net te sprekken oer tekoarten NOM

12 feb 2020 - 22:20

De provinsje hie folle earder Provinsjale Steaten ynljochtsje moatten oer de reade sifers fan de NOM, de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij. Dat seit fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan de Christen Unie.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Harkje nei Wiebo de Vries (CU)

De NOM ferwachtet oer 2019 in ferlies fan tusken de 6,5 en 8,5 miljoen euro. De defintive sifers dêroer komme yn april, mar de provinsje wist al nei it tredde fearnsjier fan it miljoeneferlies fan de NOM ôf. Dêroer hiene de Steaten fuortendaliks oer bypraat wurde moatten, seit De Vries.

Deputearre Douwe Hoogland is it net mei him iens. Hy fynt net dat Provinsjale Steaten te let oer de reade sifers fan de NOM ynljochte binne. Pas oan de ein fan it jier is dúdlik hoe't de saken derfoar stean, seit Hoogland.

Oer it kommende jier 2020 ferwachtet de NOM wol wer swarte sifers te skriuwen. De ynvestearrings- en ûntwikkelingsmaatskippij foar Noard-Nederlân ferwachtet dan wer mear dividindopbringsten en ferkeap fan bedriuwen.

Om de finansjele posysje fan de NOM te ferbetterjen, wol de provinsje ynstimme mei it opheffen fan it Ynnofaasjefûns Noard-Nederlân. Dat is in dochter fan de NOM. Op 26 febrewaris moatte Provinsjale Steaten dêroer in beslút nimme.

De trije noardlike provinsjes binne foar de helte oandielhâlder yn de NOM. De oare helte is fan it Ryk.

Harkje nei deputearre Douwe Hoogland

(advertinsje)
(advertinsje)