Swiere kriminelen Ljouwerter finzenis meie gjin kontakt ha mei oare finzenen

13 feb 2020 - 17:33

In spesjale finzenisôfdieling foar swiere kriminelen dy't flechtgefaarlik binne oft dy't apart holden wurde moatte fan oaren, komt yn de finzenis PI Leeuwarden. Op 1 maart moat de ôfdieling klear wêze.

Op de ôfdieling moat yntinsyf tafersjoch wêze. Op de ôfdieling komt betûft personiel, dat de ôfrûne tiid ferskate trainingen folge hat. Minister Dekker hat yn jannewaris it al hân oer in ôfdieling foar swiere kriminelen dy't mear befeiliging nedich hawwe. Dy komt dus no yn Ljouwert.

Direkteur Monique Schippers fan de Dienst Justitiële Inrichtingen seit: "Het gaat om risicovolle gedetineerden bij wie de kans groot is dat ze ook binnen de gevangenis doorgaan met crimineel gedrag. Deze gedetineerden hebben meer toezicht nodig dan een reguliere afdeling biedt. We starten met deze afdeling met intensief toezicht in Leeuwarden en bekijken binnen welke andere gevangenissen zo'n unit nodig is."

Gruttere ynstream fan swiere finzenen

Der komme hieltyd mear finzenen by de Dienst Justitiële Inrichtingen dy't belutsen binne by swierdere organisearre misdie. Dy finzenen foarmje in ekstra risiko foar de oarder, rêst en feiligens op it plak dêr't se sitte. De tsjinst kiest derfoar om de swiere finzenen te skieden fan oare 'gewoane' finzenen. Sy moatte op in lytse ôfdieling komme, mei yntinsyf tafersjoch.

Arnoud Boer fan Dienst Justitiële Inrichtingen

"De nieuwe afdeling is een aanvulling op de Extra Beveiligde Inrichting in Vught", seit Arnoud Boer fan Dienst Justitiële Inrichtingen. De EBI is de swierst befeilige ôfdieling dy't der is. "De afdeling komt er voor de groep die tussen de extra beveiligde inrichting en de gewone gevangenis in zit."

Gjin kontakt mei 'reguliere' finzenen

Neffens Dienst Justitiële Inrichtingen kin der sa ek better om tocht wurde dat oare finzenen net 'besmet' reitsje troch de swiere kriminelen. De swiere finzenen kinne net yn kontakt komme mei de oare finzenen.

De Marwei yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Toon Molleman, direkteur fan de PI Ljouwert

De tariedingen binne yntusken yn folle gong. "We zijn in volle voorbereiding, zowel qua gebouw als personeel", seit Toon Molleman, direkteur fan de PI Ljouwert. "We gaan kijken hoe we dat intensieve toezicht gaan vormgeven, maar ook maken we een speciaal dagprogramma."

It personiel fan de finzenis is al oplaat om mei it type finzenen dat nei Ljouwert komt om te gean. "Maar we gaan wel goed samen trainen en oefenen om dat intensieve toezicht vorm te geven. Dus: waar moet je op letten, wat moet je rapporteren, waar liggen onze grenzen, hoe spreek je aan op gedrag", leit Molleman út.

Werom nei gewoane ôfdieling

De kriminelen dy't op de swiere befeilige ôfdieling sitte, kinne nei ferrin fan tiid wer werom nei de gewoane ôfdieling. "Het kan heel goed zo zijn dat na een tijdje de inschatting is dat risico's afnemen en wij vinden dat zware toezicht niet meer noodzakelijk is. Dan kun je afbouwen."

Oarsom kin ek. De finzenen of de ekstra befeilige ôfdieling kinne ferpleatst wurde nei noch yntinsiver tafersjoch yn in oare finzenis yn it lân.

Omwenners

Neffens Molleman sille omwenners net in soad merke fan de nije finzenisbewenners. "We hebben deze populatie nu ook al binnen en daar kunnen wij goed mee omgaan. We proberen alleen intern het toezicht nog beter te maken."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust leit út wêrom't de nije ôfdieling nei Ljouwert komt

Harkje nei de reaksje fan boargemaster Buma

(advertinsje)
(advertinsje)