FIDEO: IepenUP live: Kulturele haadstêd of deastêd?

12 feb 2020 - 19:30

It Kulturele Haadstêd-jier is alwer goed in jier foarby. Krekt no't we dizze positive enerzjy fêsthâlde wolle, is gemeente Ljouwert, krekt as oare gemeenten, konfrontearre mei Haachske maatregels dy't hegere soarchkosten opsmite. Der is dus minder jild foar keunst en kultuer. Hoe geane we hjirmei om? Hoe kinne we dochs besykje om moaie plannen út te fieren? Wat dogge makkers en ynstellingen? Dat en noch in hiel soad mear yn IepenUP live.

Wat tinksto? Is it haadstêd of dochs deastêd? Kom der efter yn dizze kwis.

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)