Sander Arends net nei kwartfinale op World Tennis Tournament Rotterdam

12 feb 2020 - 18:21

Tennisser Sander Arends út Ljouwert is der op it World Tennis Tournament yn Rotterdam net yn slagge de twadde ronde te berikken. Tegearre mei syn dûbeldmaat David Pel gie hy mei 3-6 en 5-7 ûnderút tsjin Raven Klaasen út Súd-Afrika en Oliver Marach út Eastenryk.

Arends en Pel nei de nederlaach

Arends en Pel hiene fan toernoaidirekteur Richard Krajicek in saneamde wildcard krigen. Dêrmei mochten se streekrjocht meidwaan oan it haadtoernoai, wylst se dêr eins net heech genôch foar stean op de wrâldranglist. Arends is de nûmer 78 fan de wrâld, wylst Pel de nûmer 105 is. Tsjinstanners Klaasen (13) en Marach (29) stean in stik heger.

Yn de earste set wie de earste kâns foar Arends en Pel. Op 3-3 krigen de Nederlanners in breakpoint, mar koene dat net pakke. Marach en Klaasen drukten troch en makken der yn in pear games 3-6 fan.

De Eastenryker en de Súd-Afrikaan drukten dêrnei troch en kamen op 5-2 foar yn de twadde set. Op dat momint koene Arends en Pel har oprjochtsje. Sy kamen werom oant 5-5, mar dêrnei wie de tank leech.

Foto: Omrop Fryslân

"We winnen samen en verliezen samen"

Nei ôfrin naam de 28-jierrige Arends de skuld op him. "We gingen in het begin naar een goed resultaat, maar daarna zie je dat wij onze kansen niet pakken. En de wedstrijd loopt uit onze handen omdat zij hun eerste de beste kans wel pakken. Op 5-6 in de tweede set speel ik een baggergame, die neem ik voor mijn verantwoording."

Syn maat, de Amsterdammer David Pel, seach dat oars. "Dat is totaal niet nodig. We winnen samen en verliezen samen. Ik heb afgelopen half jaar ook wel eens verzaakt, dat gebeurt. Dus nogmaals, ik zie dat helemaal niet zo."

Ferline jier giene Arends en Pel ek yn de earste ronde ûnderút yn Rotterdam. Doe wiene se it haadtoernoai ynkaam troch twa rondes te winnen yn it kwalifikaasjetoernoai.

(Advertinsje)
(Advertinsje)