Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed nei Skylge foar âld skipswrak

13 feb 2020 - 09:02

By Skylge is op hichte fan peal 10 in âld skipswrak fûn. Troch de stoarm fan de ôfrûne dagen is it wrak boppe wetter kaam. It moat al in âld wrak wêze, om't de balken byinoar hâlden wurde troch houten pinnen.

Foto: ProNews

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge oer it skipswrek en de torpedo

Fiskers wisten wol dat der wat op it plak yn de lytse farrûte lei, mar it wie net dúdlik wat it no krekt wie. Om wat foar wrak it giet, is noch net bekend. Jutters wiene woansdei al gau by it skip en drigen der guod ôf te heljen. Dat is neffens boargemaster Bert Wassink fan Skylge net de bedoeling. Hy stjoerde der fuort de plysje op ôf, sadat it wrak konservearre wurde koe. "Je moet deskundigen de kans geven om daar eens goed naar te kijken, want het kans best historische waarde hebben."

Foto's fan it skip binne stjoerd nei de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed. "Zij denken wel echt aan een oud schip", seit Wassink. Tongersdei komt der in fertsjintwurdiger fan dy rykstsjinst nei it eilân om it wrak better te besjen. "Zij reageerden direct toen wij gisteren de melding deden."

Torpedo

It wrak is ûntdutsen troch de Explosieven Opruimingsdienst, dy't eins op syk wie nei in torpedo út de Twadde Wrâldoarloch by peal 7. De EOD hat dy torpedo net mear fûn. "De torpedo is 's nachts aangetroffen. Er zijn nog foto's van gemaakt, maar toen de politie er 's ochtends naartoe ging, was de torpedo weg."

Mooglik hat ien it wapen mei nei hûs naam. Mar it kin ek sa wêze dat it wer ûnder it sân of yn it wetter ferdwûn is. "Als iemand weet waar het ding is, dan hoor ik het graag, want ontploffingsgevaar is niet uit te sluiten."

Trefwurden: 
Skylge skipswrak EOD
(advertinsje)
(advertinsje)