Harry van der Molen stelt Keamerfragen yn it Frysk: "It sil wol opfalle"

12 feb 2020 - 17:58

It Fryske Keamerlid Harry van der Molen makket him soargen oer de ûntwikkeling fan de Fryske taal. Hy stelt dêr Keamerfragen oer yn it Frysk. Foar safier't wy neigean kinne, is dat foar it earst dat dat bart. Wy prate mei him.

Harry van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

Wêrom de fragen yn it Frysk?

'Dat liket my wol geskikt, want de fragen gean ek oer it Frysk. Ik tocht, wy besykje it ris gewoan. It is wol ôfwachtsjen watfoar reaksje ik krij, want it sil wol opfalle.'

Binne se de Fryske taal dêr wol machtich?

'Dat freegje ik my ek ôf. Wy hawwe hjir wolris gearkomsten dêr't Frysk foarby komt. Dan moatte wy altyd sjen oft wy in oersetting leverje kinne. Dus, ik wit it net. Ik tocht, ik besykje it gewoan ris.'

De fragen binne rjochte oan Ingrid van Engelshoven, de minister fan Underwiis. En as sy no gjin Frysk lêze kin?

'Miskien moatte wy har dan in hantsje helpe. Dy fragen gean oer dat sy, op oantrúnjen fan my, drok dwaande is, mear studinten op de opliedingen Nederlânsk te krijen. Heechleararen Frysk wolle ek graach mear studinten Frysk hawwe. Dêr gean de fragen oer. Ik fyn it passend om it dan ek yn it Frysk te dwaan.'

Dy Fryske heechleararen fine dat it Frysk in lykweardige posysje krije moat yn de beliedsfoarming by it ministearje fan Underwiis. Wat betsjut in lykweardige posysje?

'Der is op 't heden in kampanje om mear studinten Nederlânsk te krijen. Sy hawwe in goed punt, want dat jildt ek foar it Frysk. Foar de ûnwikkeling fan de Fryske taal is nedich dat jonge minsken de taal studearje wolle.'

Hjoed wie yn it nijs dat minsken dy't beswier meitsje tsjin de lytse gasfjilden yn Fryslân, dat net yn it Frysk dwaan kinne, omdat it ministearje fan Ekonomyske Saken dat net lêze kin. Wurdt de taal dan wol serieus naam?

'Dat freegje ik my ek ôf. Frysk is de twadde Rykstaal. Dat jout it rjocht om yn Fryslân yn it Frysk mei oerheden te kommunisearjen. Dat jildt net bûten de provinsje. Mar dan tink ik ek oan klantfreonlik tinken. As in net-Frysktalich persoan bûten Fryslân dat op it buro kriget, dan soe ik tinke: soene wy in manier fine om hjir wol yn it Frysk op te antwurdzjen. Is is aardich dat jo dy ekstra muoite dogge.'

Moatte minsken yn it Frysk mei de Ryksoerheid kommunisearje kinne?

'As it oan my leit wol, mar ik sjoch ek dat it hiel yngewikkeld wurdt. Want dat soe dan foar de hiele oerheid jilde moatte. En boppedat komt it ek net sa'n soad foar. It soe moai weze dat de Ryksoerheid dêr - ek al is it gjin plicht - in mouwe oan passe wol. De provinsje Fryslân freegje om in Nederlânsktalige reaksje oer te setten yn it Frysk is in lytse muoite.'

Twadde Keamerlid Harry van der Molen

(advertinsje)
(advertinsje)