Syryske Sulimani Bdewi is yllegaal; libjen tusken hope en freze

Gjin ferbliuwsfergunning, gjin status en gjin legaal bestean yn Nederlân, mar ek net werom kinne nei it lân fan komôf: dat is it ferhaal fan Sulimani Bdewi. De Syriër dy't yn Sint-Anne yn it azc sit, krijt gjin ferbliuwsfergunning omdat de IND syn ferhaal net leaut. Hy wurdt lykwols net ferfolge of weromstjoerd nei Syrië.
Sleman
Nei 4,5 jier yn ús lân hat hy amper perspektyf. Ta fertriet fan himsels, mar ek fan Fryske freonen dy't yn Sulimani in goed minsk sjogge.
Sulimani is 34 jier en wie yn Syrië dosint tekenjen. Neffens syn eigen ferhaal moast er ferplichte yn it leger. Dat wie yn 2012 foardat de boargeroarloch begûn. Hy waard stasjonearre by de Republikeinske Garde. Dêr hat er, sa seit er sels, ien kear op wacht stien by in bus mei demonstranten.
Dêr hat de IND op ynzoomd. De organisaasje leaut net dat hy gjin misdieden begien hat. Suliman falt ûnder it F1-artikel. Dat slút minsken dy't fertocht wurde fan oarlochsmisdieden út fan flechtlingebeskerming. Hy soe in gefaar foar de Nederlânske maatskippij wêze. Mar in tal minsken om him hinne sjogge in man dy't keunst makket, frijwilligerswurk docht en ien dy't in takomst opbouwe wol.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Sulimani ferlear syn heger berop tiisdei. Dat betsjut dat er fierder moat as yllegaal flechtling omdat Nederlân him net útset nei Syrië. Dat kin net. Ek wurdt er net ferfolge. Neffens ûnder oaren syn goede freondinne Talea Talsma is dat skandalich.
Sy hat de flagge by har hûs healstok dien en skilderijen fan Sulimani omkeard tentoansteld. Se hopet dat mear minsken mei dizze aksje meidogge. Sy leaut it ferhaal fan Sulimani wol. Boppedat fynt se it net minsklik dat útprosedearre asylsikers op dizze wize oan harren lot oerlitten wurde.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Foar Sulimani is it in stressfolle tiid. Hy is al njoggen jier op 'e swalk. Fan Egypte nei Libanon en úteinlik fan Turkije, oer Grikelân nei Nederlân. Hy makket skilderijen. Omdat er keunstner is en omdat it him de lêste jierren in bytsje ôflieding jout fan syn sitewaasje.
Hy fertelt dat er hiel graach in takomst as keunstner opbouwe wol en in oplieding folgje. Hy hat al ferskate eksposysjes hân yn Fryslân en earder ek yn Dútslân.
© Omrop Fryslân
It is libjen tusken hope en freze. Talea Jansma besiket de asylsiker te helpen. Hy hat in soad oan har. In oliifbeamke by har yn 'e tún jout Sulimani noch wat hâldfêst. Dy stiet foar de takomst. Salang't de beam groeit, tinke se, is der hope.
© Omrop Fryslân
Ik wil wel huilen, hard huilen, maar ik kan het niet meer. Mijn ogen blijven droog.
Sulimani Bdewi
Dy takomst liket fierder fuort as oait. No't it heger berop ferlern is, liket de hope op in goed bestean hjir ferflein. Wêr't er de kommende tiid hinne moat, wit er net.
Der binne genôch minsken dy't him helpe wolle, mar it swalkjen fan plak nei plak makket him moedeleas. "Ik wil wel huilen, hard huilen, maar ik kan het niet meer. Mijn ogen blijven droog".
© Omrop Fryslân
Artikel 1F Flechtlingeferdrach is in bepaling dy't ûnderdiel is fan it earste artikel fan de Konvinsje fan Genève oer de Status fan Flechtlingen fan 28 jully 1951, ek yn syn hiele hear en fear nei te lêzen by (...) wizige by protokol fan New York fan 31 jannewaris 1967'.
Artikel 1F is ien fan de saneamde "exclusion clauses" (útslutingsgrûnen) fan it Flechtlingeferdrach (...) yn 'e artikels 1D en 1E. De artikels 1D en 1E gean oer minsken dy't beskerming krije tsjin ferfolging.